Nederlânsk-Ynje
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Nederlânsk-Ynje, ek bekend ûnder de nammen Nederlânsk East-Ynje, East-Ynje of Ynje, wie fan 1816 oant 1949 in Nederlânske koloanje dy't it gebiet besloech dat no Yndoneezje hjit. De haadstêd wie Batavia, it hie in oerflakte fan 1.919.440 km² en yn 1930 hie it 60,7 miljoen ynwenners.
De Nederlânske oanwêzichheid yn Ynje datearret fan ein 16e iuw, koart foar de oprjochting fan de VOC, dy't ûnder mear op Java en yn de Molukken in oantal eilannen, stêden en gebieten besiet. Nei de opheffing fan de VOC yn 1798 gienen dy op de doetiidske Bataafske Republyk oer. Nei 1800 waarden de gebieten offisjeel Nederlânsk-Ynje. Dy namme waard lykwols al brûkt yn de stikken fan de VOC yn de jierren 1620-1622 as 'Nederlandsch-India'. Oant yn de tweintichste iuw wie it besit fan koloanjes foar West-Europeeske lannen sa goed as algemien akseptearre, net allinnich út ekonomyske oerwegings; ek nasjonaal prestiizje spile mei, neist kulturele en godstsjinstige sindingsdrang.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- W.A. Terwogt, Het Land van Jan Pieterszoon Coen. Geschiedenis der Nederlanders in Oost-Indie, aan het Nederlandsche Volk verhaald, 1889, P. Geerts - Hoorn
- Bas Veth, Het Leven in Nederlandsch-Indie, 1900, P.N. Kampen en Zoon - Amsterdam
- Wim van den Doel, Het Rijk van Insulinde. Opkomst en ondergang van een Nederlandse kolonie, 1e printinge, 1996, Prometheus - Amsterdam, ISBN 90-5333-374-6
- Wim van den Doel, Afscheid van Indië. De val van het Nederlandse imperium in Azië, 2000, Prometheus - Amsterdam, (2e en 3e herziene druk: 2001), ISBN 90-446-0044-3 geb, ISBN 90-446-0043-5 pbk
- J.J.P. de Jong, De waaier van het fortuin. Van handelscompagnie tot koloniaal imperium. De Nederlanders in Azië en de Indonesische Archipel 1595-1950, 1998, SDU Uitgevers - Den Haag, ISBN 90-12-08643-4
- Kees van Dijk, The Netherlands Indies and the Great War, 1914-1918, KITLV - Leien, 2007
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlands-Indië in foto's, 1860-1940 op Het Geheugen van Nederland
- Het project Afscheid van Indië, van het Nationaal Archief Online images van archiefstukken over Nederlands-Indië (periode 1940-1950) uit Nederlandse, Britse, Amerikaanse en Australische archieven.
- Pioniersfotografie uit Nederlands-Indië op Het Geheugen van Nederland
- Het Indisch Filmarchief (INFA), sammelt, konservearret en bestudearret filmmateriaal út it eardere Nederlânsk-Ynje en Nederlânsk-Nij-Guinea.
- Dokumintêre oer Nederlânsk-YNje yn de byldbank fan School tv