Brouwerij Diggelfjoer
Brouwerij Diggelfjoer is in bierbrouwerij út Drachten en is in inisjatyf fan de freonen Jelmer Pultrum, Erik Frieso, Udo Hoekstra en Jan Jongsma-Visser. Hy is ûntstien út in passy foar spesjaal bier.
Skiednis
Ynearsten waarden in tal bieren broud as hobby op in lytse ynstallaasje fan 20-25 liter de kear. Fan febrewaris 2015 ôf eaard der wurke oan in Herms-ynstallaasje mei in kapasiteit fan 50-60 liter. Begjin 2016 is de brouwerij offisjeel ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel.
Hjoed
Alle bieren wurde troch de brouwers broud by Admiraals Bierbrouwerij yn Aldtsjerk.
De bieren binne basearre op de bekende Belgyske stilen en befetsje gjin eksoatyske yngrediïnten. De tripel Suver Nuver hat yn 2018 de earste priis foar 'Beste en Lekkerste Tripel' wûn op it Bierfestival Grins 2018.
Alle bieren fan Brouwerij Diggelfjoer hawwe Frysktalige nammen. Elk jier wurdt der in Fryske Imperial Stout útbrocht, dy't eltse kear in oar resept hat.
Yn 2022 bestiet de brouwerij fiif jier en wurde der op syn minst fiif nije bieren útbrocht.
Assortimint
Fêste bieren
- Suver Nuver - tripel
- Noflik - blond
- Grutsk - quadrupel
Spesjale edysjes
- Ljocht - wytbier
- Grutsk 75 cl - barrel aged quadrupel
- Fryske Imperial Stout
- Fryske Imperial Stout #2
- Fryske Imperial Stout #3 - brea-itenstout mei húning, sjerp en brea-itennôten
- Fryske Imperial Stout - ahornsjerp bourbon barrel aged
- Fryske Imperial Stout - Kilchoman Islay whisky barrel aged
- Bok op! - bokbier
- Leaf - saison
- Barrel aged Leaf - saison
- Kreas Cascade Mandarina IPA
- Fjoer - peated ale (whisky infused)
- Fjoer - cognac barrel aged peated ale (624 flessen fan 75 sl)
- Nocht - sterk blondbier cognac barrel aged
- Foar de alderleafste - blond