Springe nei ynhâld

Sydrivier

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 jan 2024 om 16.17 troch Drewes (oerlis | bydragen) ([[]] better)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De gearfloeiïng fan 'e Wezer en syn sydrivier de Werre, yn noardlik Dútslân.

In sydrivier is in rivier dy't net útmûnet yn 'e see, mar yn in gruttere rivier (in saneamde haadrivier) of yn in mar. In bekend foarbyld fan in sydrivier is de Moezel, dy't in sydrivier is fan 'e Ryn.

It tsjinstelde fan in sydrivier is in ôfspjalting: dy fiert gjin wetter oan nei de haadrivier, mar liedt der wetter by wei. De Isel en de Waal binne bygelyks ôfspjaltings fan 'e Ryn (hoewol't se gauris foutyf sydrivieren neamd wurde). In ôfspjalting fan in rivier kin lykwols ek wer by dyselde rivier weromkeare; yn sa'n gefal is it sawol in ôfspjalting as in sydrivier. Benammen yn flechtsjende rivieren en rivierdelta's komme sydrivieren en ôfspjaltings in protte foar.

In sydrivier hat faak sels ek wer sydrivieren, dy't dan yndirekte sydrivieren fan 'e haadrivier binne. Sydrivieren en haadrivier fersoargje mei-inoar de ôfwettering fan grûnwetter en oerflaktewetter fan harren streamgebiet of ôfwetteringsgebiet. It plak dêr't in sydrivier útmûnet yn in haadrivier of yn in oare sydrivier wurdt de gearfloeiïng, gearrin of gearstreaming neamd.

By sydrivieren wurdt ûnderskie makke tusken rjochter- en loftersydrivieren, rekkene fanôf de boarne fan 'e haadrivier. Sa is de Ruhr in rjochtersydrivier fan 'e Ryn, wylst de Mûzel in loftersydrivier is. Opsommings fan sydrivieren fan in haadrivier wurde ornaris dien yn 'e orografyske folchoarder, fan 'e boarne nei de mûning.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.