Springe nei ynhâld

Jan Ligthart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jan 2024 om 16.29 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jan Ligthart. Ut J. Ligthart: In Zweden, 1916
Dizze side giet oer de ûnderwiisfernijer en berneboekeskriuwer. Foar de akteur en publisist, sjoch: Jan Ligthart (akteur).
Jan Ligthart (makker net bekend)

Jan Ligthart (Amsterdam, 11 jannewaris 1859Laag-Soeren, 16 febrewaris 1916) wie in Nederlânsk ûnderwizer en ûnderwiisfernijer. Hy waard bekend as haad fan in legere skoalle yn de Schilderswijk te Den Haach en as skriuwer fan artikels en (berne)boeken.

As ien fan mar in pear Nederlânske pedagogen ea, rekke er ek yn it bûtenlân bekend en besocht men yn oare lannen syn ideeën nei te folgjen.

Jan Ligthart waard berne yn Amsterdam, yn de Jordaan. Syn heit Cornelis Ligthart wie timmerman en winkelman, dy't epileptyske oanfallen hie. Syn mem Anna van Spall, dochter fan in dûmny, kaam út Klundert in Noard-Brabân. Syn beide âlden stoaren yn syn jonkheid.
Ligthart studearre ôf oan de Grifformeard Kristlike Hegeskoalle Bloemgracht. Dêrnei wurke er op ferskate skoallen as ûnderwizer. Yn 1886 troude er mei Marie Cachet, dêr't er trije bern mei krige, twa dochters en in soan. Fanwege syn sykten waard er yn in sanatoarium opnommen.

Op 16 febrewaris 1916 stoar er neidat er yn in kanaal fallen wie en ferdronk.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]