Springe nei ynhâld

Spakenburch

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 jan 2024 om 16.26 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Drank- en drugsgebrûk: [[]] better)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Botterhaven.
Doarpsfeart
Haven yn it doarp
huzen oan de haven yn de foarm fan in seil
Bakkerij 't Stoepje út Spakenburch op de merk
Botterwerf.
Botterhaven.
Nijste Grifformearde tsjerke.
Terrassen mei toeristen.
Pier yn de Eemmar.
Strantsje 't Kleine Zeetje.
Museum Spakenburch.
Dracht- en fiskerijmuseum.

Spakenburch[1] (Nederlânsk en offisjeel: Spakenburg) is in earder fiskersdoarp oan de Sudersee. Tsjintwurdich makket it mei Eemdijk en Zevenhuizen diel út fan de gemeente Bunschoten yn de provinsje Utert. Spakenburch is oan de súdkant fêstgroeid oan de stêd Bunschoten. It leit benoarden fan Amersfoart oan de Eemmar. It doarp mei sa'n 21.190 ynwenners (2021) en oerflak fan 34,88 km² is te berikken oer de A1.

De namme "Spakenburg" komt foar it earst foar yn de 15e iuw. It fiskersdoarp lei oan de Sudersee en hat in soad oerstreamings trochstean moatten. Om dy reden boude men hiel yn it begjin de huzen heech tsjin de dyk. De havens fan Spakenburch binne ûnskiedber ferbûn mei de ûntwikkeling fan it doarp. Hjir leinen de botters dêr't de fiskers harren brea mei fertsjinnen. It doarp telde om 1892 ± 200 fiskersskippen. Troch de groei fan de fiskersfleat moast yn 1886 in twadde haven oanlein wurde (de Nije Haven). Nei de komst fan de brêgen oer de rânemarren is der yn de jierren 70 as kompensaasje foar de botterwerf dy't har klandyzje ferlieze soe de tredde haven, jachthaven Nieuwboer, bykomd.

Nei de oarloch

Nei de ôfsluting fan de Sudersee yn 1932 en de ynpoldering nei de Twadde Wrâldoarloch gie it mei de fiskersfleat hurd efterút. Tsjintwurdich binne der noch 30 botters, dy't yn de Alde Haven lizze. Yn fergelyk mei earder is dat net folle, mar, dochs is it sawat de helte fan de hjoeddeistige Nederlânske botterfleat. By de skipswerf (de Helling) wurde no noch botters restaurearre, mar der wurde gjin nije botters mear boud. Dat de skipswerf by steat is om in nije botter te bouwen, blykt út it gegeven dat men ein jierren '80 noch in nije botter boud hat foar de gemeente Bunschoten (dêr't Spakenburch ûnder falt). De botters wurde allinnich noch brûkt foar de plezierfeart, want de âlde fiskersskippen waarden ek troch de fiskers ferfongen troch moderne kotters. Fan de fiskerij is net folle mear oer; simmer 2008 is de lêste breafisker fan Spakenburch dermei opholden; it doarp libbet al noch altyd foar in grut part fan de fiskhannel.

Museum Spakenburch

Yn Museum Spakenburg (earder Museum ’t Vurhuus) wurdt it ferhaal ferteld fan de gemeente Bunschoten. Dizze gemeente bestie oarspronklik út trije kearnen: Bunschoten, Spakenburch en Eemdijk. Sûnt 1974 is de gemeente útwreide mei in diel fan Hoogland: Zevenhuizen. De ferskillende kearnen wurde allegear toand yn it museum. It rike boerelibben, de fiskerij en de âlde ambachten en de Spakenburchske dracht krije hjir omtinken. Mar ek de tsjinstellings tusken de kearnen de typyske yndustriële bedriuwichheid én fuotbal (blau en read) hawwe in plak yn it museum.

Tsjerklike mienskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan Bunschoten-Spakenburch en Eemdijk steane noch altyd bekend as in tsjerksk folk. De measte tsjerken hawwe dan ek grifformeard yn har namme stean. De Kristenuny is noch altyd de grutste partij yn de gemeente. Mar it ferskil mei Staphorst en Urk is dat de SGP yn Spakenburch gjin oanhing hat en yn neamde plakken in grutte beweging is. Dit bepaalt noch altyd it algemiene byld fan Spakenburch foar in soad bûtensteanders. Dit levert on oantal mytes op as soenen de ynwenners net yninte wêze of dat in soad ynwenners gjin telefyzje hawwe.

It kristlik leauwe is seker noch wol fan ynfloed: snein is de rêstdei en de winkels binne dy dei sluten. Gearwenjen wurdt binnen de mienskip noch net altyd akseptearre. At in famke swier rekket is hja sa goed as ferplichte om mei de heit fan it bern te trouwen. Homoseksualiteit is noch relatyf in taboe. It earste homohoulik waard yn 2007 sletten. Yn 2008 wegeren fjouwer saneamde 'wegeramtners' om homoseksuelen te trouwen.

Al waard it isolemint fan it doarp yn 1955 opheft, dochs fiele de minsken har noch altyd sterk ferbûn mei elkoar. Famylje is tige wichtich, wat kenmerkjend is foar in wy-kultuer. Sa komme famyljes faak alle sneinen, nei de tsjerketsjinst, by elkoar. Spakenburch is in hechte mienskip. In echte Spakenburcher ferlit oer it algemien ek net it doarp. In Spakenburchske jonge trout meastentiids mei in Spakenburchsk famke. Oan de protte de Graaf’s en Koelewijn’s dy't yn it telefoanboek steane is dúdlik te fernimmen dat Spakenburch ien grutte famylje is. Trochdat eltsenien eartiids deselde fan hie, krigen minsken faak in bynamme. Bynammen wurden no noch meast troch de âldere generaasje brûkt.

It meastepart fan de jeugd kiest dochs noch altyd foar it libben binnen Spakenburch, krekt as harren âlden. Troch de hege huzeprizen is hjir de lêste jierren feroaring yn komd en kiest in diel fan de jongfolwoeksenen foar in goedkeapere wenning yn benammen de nijbouwiken Vathorst en Nieuwland yn Amersfoart. In fêst rolpatroan binnen de húshâlding is net mear sa sterk as eartiids. Grutte húshâldings hearre sels, op inkele útsûnderingen nei, ta it ferline.

Troch de ynfloeden fan bûtenôf is der oan de iene kant sprake fan modernisearren, wêrtroch't it doarp hieltiten mear op de grutte bûtenwrâld liket; de fiskers binne bygelyks al ferdwûn en de dracht is hast net mear te sjen. Oan de oare kant wurdt de Spakenburchske kultuer bewust keunstmjittich yn stân hâlden, om ynsetten te wurden as trekpleister foar toeristen yn musea en eveneminten.

Fan âlds stiet Spakenburch bekend om har bedriuwichheid; der binne koek- en fiskbedriuwen mar ek metaal- en betonyndustry dêr't in soad ynwenners wurkje.

Spakenburch is ek bekend troch de dracht, dy't anno 2008 noch troch sa'n 300 froulju droegen wurdt. It binne no noch benammen de âldere froulju dy't har alle dagen yn de tradisjonele klean stekke. De jongste frou yn dracht is berne yn 1950. De dracht is karakteristyk troch de kraplap. Dat is in brede stive doek oer it skouder. Faak hat dy in kleurich blommmotyf. Yn de rou binne se swart, pears of donkerblau fan kleur. Nei de Twadde Wrâldoarloch rûn hast eltsenien noch yn dracht (manlju, froulju en bern). Tusken 1955 en 1965 is in grut diel fan de befolking oerstapt nei 'boargerklean', wat folle makliker wie. Ek de befolkingsgroei hat grif fan ynfloed west. De manlju- en bernedracht ferdwûnen yn de jierren '60. It lêste famke dat noch yn bernedracht rûn is berne yn 1965.

De efterútgong fan de dracht fan Spakenburch:

  • 1971 / 1364 froulju yn dracht,
  • 1985 / 985 froulju,
  • 2000 / 513 froulju.

Mei de Spakenburchske dagen (de lêste 2 woansdeis yn july en earste 2 woansdeis fan augustus) wurdt ekstra omtinken jûn oan de Spakenburchske dracht.

It doarp stiet ek bekend om syn fuotbal. De bekendste klups binne IJsselmeervogels en SV Spakenburg, lokaal bekend as de 'Rooien' en de 'Blauwen'. In wedstryd tusken dizze twa is dan ek in derby. Tusken beide klups is in grutte rivaliteit. Dit giet sa fier, dat sels it pas ferskynde boek oer de fuotbalklups yn twa ferskillende kleuren (read en blau) ferskine moast en dat guon it grutste spul hawwe op it fjild wylst se oars de bêste freonen binne.

Spakenburch leit oan de Eemmar, ien fan de rânemarren fan Flevolân. It doarp hat ferskate havens. De âlde haven (om 1200), is lykas de namme al seit de âldste. Hjir leit ek de âlde botterhelling dêr't noch altyd farrende monuminten restaurearre wurde. De twadde haven is de Nije haven (1887); dy wurdt beheard troch Wettersportferiening de Iendracht (1966), dy't de namme draacht fan de âlde fiskerijferiening (oant 1964) út it doarp. In tredde haven (jierren 70) leit bûten it doarp en is yn behear fan in kommersjele organisaasje. By WSV 'De Iendracht' wurdt ek jeugdsilen jûn.

Yn it doarp wurde in soad wettersportaktiviteiten wurde organisearre. De DARP-kompetysje en de Nacht fan Spakenburch binne de bekendste yn de wettersportwrâld.

Jierlikse eveneminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Oranje Rugby Festyn (yn Spakenburch en omkriten meastal "'t Rugbyfeest" neamd)
  • Eemmarloop
  • Solexrees
  • DARP-kompetysje
  • Súdwâlwedstriden
  • Nacht fan Spakenburch
  • Bunschoter Boeren en Bistenboel
  • Kuier-jûnfjouwerdaagse
  • Keunst-, hobby- en kuriosa-bradery
  • Merke
  • Spakenburchske dagen
  • Stânwurkerskonkoers
  • Ielrikwedstriid
  • Bernemerke
  • Fiskerijwanneltocht
  • Fiskerijdei
  • Krystmerk

Yn de gemeente Bunschoten wurdt noch troch in soad ynwenners yn it dialekt sprutsen. Nei ferwachting sil dit dialekt op 'en duer ferdwine, om't de sletten doarpsmienskip fan eartiids iepener wurden is, en alle dagen op in soad manieren konfrontearre wurdt mei it Nederlânsk.

Inkele wurden yn it Spakenburchs:

  • Krek, krekt of sekuer
  • Ootje en Groof, beppe en pake
  • Teuteren, eamelje
  • Sjulekrupen, fersideboartsje
  • Tot, in lolly
  • Afferpinnetsie, pakjedrager fan fyts
  • Kukelesoantje, krûpelhintsje
  • Pennevoegel, flinter
  • Vullus, smoargens
  • Snuuf, Kokaine
  • Asvarken, Feger en blik

Spakenburchske sykte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spakenburch stiet ek bekend om de relatyf protte gefallen fan de stofwikselingssykte Benigne Recividerende Intrahepatische Cholestase. It is in genetyske sykte dy't yn Nederlân by wat mear as 1 op de miljoen yndividuen konstatearre wurdt, mar wêrfan yn Spakenburch allinnich al sân pasjinten binne. Bric wurdt dêrom yn Nederlân faak ek wol "Spakenburchske sykte" neamd.

Drank- en drugsgebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas oare fiskersplakken, sa as Folendam en Urk, hat Spakenburch in drank- en drugsprobleem ûnder in grut part fan de jongerein. Dy fiskersplakken binne no wolfarrend, mar hawwe in earmoedich ferline. Benammen 'Moedige Memmen' dogge war om it drank- en drugsgebrûk te ferminderjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bygelyks neamd as "Spakenburch" yn Wenwinkel Blaauw wer yn finale, op Omrop Fryslân
Bunschoten
Stêd:
Bunschoten
Doarpen:
EemdijkSpakenburch
Buorskip:
Zevenhuizen
· · Berjocht bewurkje