Tórshavn (Fêreuske namme; Deensk: Thorshavn) is de haadstêd fan de Fêreu-eilannen, in autonoom gebiet binnen it Keninkryk Denemark mei in soad foech. De stêd leit op it eilân Streymoy en der wenje 12.410 minsken (2014). De namme fan de stêd ferwiist nei haven en nei Thor. Thor is de god fan de tonger en wjerljocht yn de Germaanske mytology, te uzes bekend as Doanar.