Springe nei ynhâld

Klaas Rienks

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 des 2023 om 15.55 troch Sjoerddebruin (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Klaas Arjens Rienks (Easterein, 15 juny 1898 - Ljouwert, 24 jannewaris 1973) wie sivyl yngenieur ( sûnt 1930 by de gemeente Ljouwert ), sûnt 1947 by Provinsjale Wettersteat, (fan 1960 ôf as haadyngenieur-direkteur); oant 1967 adviseur Monumintesoarch fan Deputearre Steaten, bestjoerslid fan It Fryske Gea, Feriening foar Terpenûndersyk, Bûn Heemschut en Feriening De Hollandsche Molen.

Hy wie einredakteur fan it Frysk Tinkboek Ljouwert 1435-1935 dat ûntstie omdat Fryske bydragen foar it earste offisjele tinkboek wegere waarden. Skreau mei yr. G.L. Walther it standertwurk Binnendiken en Slieperdiken yn Fryslân (2 dielen, 1954) en mei syn frou bydragen yn De Alderhelljenfloed fan 1570 (1970).

Hy troude op 8 maart 1927 mei Durkje Rienks-Wallinga.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: