Springe nei ynhâld

Swarte Pyt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 des 2023 om 17.24 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Snypsnaren)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Twa Swarte Piten

Swarte Pyt is de helper fan Sinteklaas. Neffens de ferhalen bringt Swarte Pyt yn de dagen om fiif desimber hinne de kadokes fan Sinteklaas. Doe’t de huzen noch ienfâldige reekkanalen hiene, soe er, wylst de minsken slepten, troch dy skoarstiens klimme om sa de kadokes yn ' e hûs te bringen.

Oant de tachtiger jierren fan de 20e iuw hie Swarte Pyt njonken in sek mei snobbersguod ek in roede. Dêrmei moast er ûndogenske bern kjel meitsje. Leave bern krigen snobbersguod en presintsjes, mar ûndogenske soene bestraft wurde. Under druk fan feroarjende opfiedkundige ynsichten ferdwûn dat driigjende elemint geandewei út it karakter fan Pyt. Yn de wat âldere Sinteklaasferskes fynt men noch wol spoaren fan dy âlde rol fan Swarte Pyt.

Swarte Pyt is werkenber oan syn swarte of brune oansjen. Jierrenlang waard er typearre mei swarte krollen, goudene earringen en readferve lippen, mar dy eleminten binne hjoed-de-dei op retoer om’t se - yn ferbân mei it slavernijferline fan Nederlân - troch guon minsken te stereotyp fûn wurde. Sûnt it begjin fan de 21e iuw is der suver alle jierren diskusje oer it al of net rasistyske karakter fan in Swarte Pyt. Op guon plakken yn Nederlân wurdt de Swarte Pyt dêrom sûnt 2014 ferruile foar of oanfolle mei Piten yn oare kleuren. Mei in knypeach nei dy eardere skoarstiens, wurde ek Piten mei roetfegen sjoen.

Feint foar Sinteklaas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Dútslân hie/hat Sinteklaas de feint Ruprecht en benammen yn de Alpestreken wurdt er beselskippe troch Krampus. Fan beide kin men tige kjel wurde. De tradysje yn Nederlân en Belgje hie gjin fêste feint. Soks feroare doe’t de ûnderwizer Jan Schenkman yn 1850 syn lêsboekje Sint Nikolaas en zijn Knecht skreau. Fan dy tiid ôf krige Sinteklaas de feint Swarte Pyt. Schenkman hat nea sein, oft hy of de tekener foar dy feint in swarte kleur betocht hat. Yn de earste druk komt it wurd 'swart' net foar.

Ymmaterieel Kultureel Erfguod

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 jannewaris 2015 sette it Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed (VIE), hjoed-de-dei bekend as Kennissintrum Ymmaterieel Erfguod Nederlân (KIEN), it sinteklaasfeest (mei Swarte Pyt) op de Nasjonale Ynventaris Ymmaterieel Kultureel Erfguod yn Nederlân. Soks op foardracht fan de Stichting Sint en Pietengilde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]