Springe nei ynhâld

Paazjes

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 des 2023 om 02.14 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)

De paazjes (Papilionidae) binne in famylje fan deiflinters yn it skift fan de flinters (Lepiodoptera).

De famylje fan de paazjes hat likernôch 700 ferskillende soarten. De measte fan dy soarten libje yn de tropen. Yn Europa komme alve soarten foar, wêrfan yn noardlik Europa fjouwer. In soad skaaien libje op giftige planten en nimme dat gif op yn harren lichem. De rûpen besitte in osmatearium. Dat is in soart foarke-eftich orgaan dat se útstekke kinne. Wylst se dat útstekke skiede se in sterke krûdeftige stof út. Dy stof stjonkt, dêrmei hopet de rûp dat de fijân fuortgiet. Yn de famylje fan de paazjes wurdt allinnich oerwintere as aai of as pop. De healwaaks rûp komt net foar by de paazjes.

Swarte appoloflinter

Klassifikaasje

Sjoch ek