Springe nei ynhâld

Esbjerg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 okt 2023 om 15.17 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Ynfrastruktuer: [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Esbjerg
De Minske oan 'e See
De Minske oan 'e See
Emblemen
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Súd-Denemark
Gemeente Esbjerg
Sifers
Ynwennertal plak: 71.921 (2023)
gemeente: 115.758 (2023)
Oerflak gemeente: 742,5 km²
Oar
Postkoade 6700-6705-6710-6715
Tiidsône UTC+1
Koördinaten 55° 28' N 8° 27' E
Offisjele webside
www.esbjerg.dk (gemeente)
Kaart
Esbjerg (Súd-Denemark)
Esbjerg

Esbjerg is in stêd yn it suden fan Denemark. De stêd leit yn it súdwesten fan Jutlân en is de iennige wichtige Deenske havenstêd oan 'e Noardseekust.

Foar de stêd leit it eilân Fanø en noardwestlike it skiereilân Skallingen, dat oant april 2008 noch ta de seldsume gebieten fan Denemark hearde dat noch net frij wie fan lânminen.

Sintrum binnenstêd

Nei't Denemark yn 1864 nei de Dútsk-Deenske Oarloch de hartochdommen Sleeswyk en Holstein ferlear, wie der gjin grutte Deenske haven mear oan 'e Noardsee. Dêrom naam it Deenske regear yn 1869 it beslút in haven oan te lizzen yn Esbjerg, dat fuort ek in spoarferbining krige. De nije haven brocht fiskerij en skipfeart út de omlizzende kriten nei Esbjerg en de stêd belibbe in rappe groei. De haven moast ferskate kearen útwreide wurde.

Oant koartlyn oerhearske de fiskerij de ekonomy fan 'e stêd, mar dy yndustry hat de lêste jierren in delgong meimakke. It Fiskerij en Seefeartmuseum betinkt dat haadstik fan 'e Deenske skiednis. Hjoed-de-dei spilet de offshore-sektor in wichtige rol yn 'e ekonomy fan' e stêd. Ek wurde koeleleminten yn Esbjerg produsearre (Vestfrost).

Yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndielings fan 1970 waard de gemeente Guldager mei de stedsdielen Sædding, Hjerting en Sønderis oan Esbjerg taheakke. Op 1 jannewaris 2007 fusearren ek de gemeenten Ribe en Bramming mei de gemeente Esbjerg. It totale oerflak fan 'e gemeente Esbjerg kaam dêrmei op 742,5 km².

Haven Esbjerg

De stêd hat de wichtichste Noardseehaven fan it lân. Sûnt it begjin fan de 21e ieu profitearre de haven fan Esbjerg fan 'e groeiende offshore-yndustry, benammen de offshore wynenerzjy.

In oerset ferbynt Esbjerg mei it eilân Fanø (Nordby). Der wiene eartiids ek ferbinings mei Newcastle (Noard-Ingelân), Tórshavn (oant oktober 2010) en Harwich (oant septimber 2014).

Noardeastlik bûten de stêd leit Esbjerg Lufthavn mei deistige flechten nei Aberdeen en Stavanger. Helikopters ûnderhâlde ferbinings mei de boarplatfoarms yn 'e Noardsee.

Intercity- en regionale treinen hawwe oer Kolding en Odense ferbinings mei Kopenhagen, regionale treinen mei Skjern, Ribe, Tønder en Niebüll.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yn 1897 boude wettertoer is it symboal fan 'e stêd. Yn 'e wettertoer is in permaninte útstalling oer wettertuorren, mar dêrnjonken binne der ek wikseljende útstallings.

Hiel bekend is monumint Mennesket ved Havet (De Minske oan 'e See), yn 'e folksmûle ek wol de fjouwer wite manlju. De 9 meter hege bylden waarden yn 1994-1995 troch de keunstner Svend Wiig Hansen makke yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum fan 'e stêd en begroetsje de reizgers op see.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside, foar boarnen en literatuer sjoch: de:Esbjerg.