Springe nei ynhâld

Balthasar Hubmaier

Ut Wikipedy
Balthasar Hubmaier

Balthasar Hubmaier (Friedberg, 1485 - Wenen, 10 maart 1528) wie in Roomsk-katolike pryster dy’t yn Waldshut (Foar-Eastenryk) foar de reformaasje keas. Hy keas ek foar de doop op leauwe yn it plak fan de bernedoop en waard dêrby in anabaptist. Sadwaande waard er net allinnich troch it Hûs Habsburch ferfolge, mar koe er ek net mear nei de stêd Surich fan Zwingli.

Yn Nickolsdorf fûn Hubmaier in protte harkers, ûnder oaren de foarst fan Lychtenstein. Uteinlik waard hy dochs pakt en yn Wenen fûn er de dea op de brânsteapel. Syn frou moast tasjen; in pear dagen letter soe sy sels yn de Donau ferdronken wurde.

De Eastenrykske baptisten seagen yn Hubmaier de earste baptist fan it lân. Yn de âldste Baptistetsjerke fan Eastenryk (oan de Mollardgasse yn Wenen) hinget ta syn eare in plakette yn it foarportaal. Yn 1928 hawwe se der de fjouwerhûndertjierrige stjerdei fan him betocht.

De Eastenrykske steat hat 2003 in tinkplaat foar Hubmaier ophingje litten by de Stubentor, it plak dêr't er op de brânsteapel kaam.

Literatuer

  • Bergsten, Torsten, Balthasar Hubmaier: seine Stellung zu Reformation und Täufertum. Kassel: Oncken, 1961.
  • Dollinger, R., 'Balthasar Hubmaier'. Yn: RGG, 3.1959 - Spalte 464 f.
  • Loserth, Johann, Doctor Balthasar Hubmaier und die Anfänge der Wiedertaufe in Mähren. Brünn: Rohrer, 1893.
  • Mabry, Eddie L., Balthasar Hubmaier's understanding of faith. Lanham: Univ. Pr., 1998. ISBN 0-7618-1220-2
  • Sachsse, Carl, D. Balthasar Hubmaier als Theologe. Aalen: Scientia-Verl., 1973. ISBN 3-511-04290-9 (Repr. fan de útjefte Berlin 1914)