Springe nei ynhâld

Boltastate (Holwert)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 aug 2023 om 12.30 troch Lytsewâld-Augsbuert (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Boltastate lei fier east fan Holwert, yn de gemeente Dongeradiel en tichter by de buordoarpen Ternaard en Hantum as by Holwert. Op it âlde steed stiet yn 2009 in pleats.

De âldste boarnen neame it pachtgoed sûnt 1511, mar it hûs moat al earder bewenne west hawwe. Aldst bekende bewenner is pachter Goewert Bolte yn 1511, en wurdt it Bolte guedt en Bolte state neamd; yn 1640 Boltha en yn 1718 en 1850 Bouta. De namme Bolta wie fan in mei "-bold" gearstalde persoansnamme ôflaat. Yn de lette midsiuwen waard er neffens it famyljewapen Bolta lykwols mei "bout", pylk, yn ferbân brocht. Bolta wie yn 1511 foar it grutste part eigendom fan Tzalingh Entez (Bolta), dy't him nei syn frou Eysinga neamen gie. De komôf fan Boltastate wurdt begryplik tsjin de eftergrûn fan wat yn it Burmaniaboek oer Tzalinghs foarteam stiet: "deze Tialingh was de zoon van Inte Bolta uit Fokel Helbada te Ferwerd; en Intes ouders waren weer Poppe Bolta in Holwerd en Ets Jaerla". As famyljewapen wurdt opjûn: trije pylken of "bolten".

Bolta, 56 pûnsmiet grut, waard yn 1511 dus troch in neikommeling fan de âlde Bolta's ferpachte; ek de pastoar en de prebendaris fan Holwert en de Fransiskanen en Dominikanen lutsen doe in rinte út it goed; it gehiel waard foar 29 floreen oanslein. Yn 1640 wie Doed fan Holdinga, in efterefterpakesizzer fan Tzalingh Bolta alias Eysinga, de eigneresse fan Bolta. Yn 1700 wie de grutte wyls 80 pûnsmiet, mar it floreenbedrach wie sa goed as lyk oan dat fan 1511: fl. 28. It wie doe eigendom fan "de Gravinne Carlson" oftewol Isabella Susanna thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg fan Grut Terherne yn Bitgum. It waard ferpachte oan Gaetske Jans, widdo fan Jacob Jacobs. Isabella ferstoar yn 1723 en har erfgenamten hawwe dit goed blykber ferkocht, want yn 1728 wie it eigendom fan Sybe Gerbens Potter en Djurre Clasen, elts foar de helte, dy't it ferhierden oan Æbe Thijssen. Mear as 100 jier letter binne de erfgenamten fan Klaas Tigler út Ljouwert eigeners.

Fan Bolta binne gjin âlde ôfbylden bewarre bleaun. Op de kaart fan Winsemius út 1622 komt ûnder Holwert Bolta as "edele state" foar, miskien betize mei Bonga; fan soksoarte betizing wie yn elk gefal op de âlde Schotanuskaart (1664) sprake. Bolta lei yn it uterste easten fan de parochy Holwert, oan de Tsjettelfeart. It fertoant op kaarten gjin bysûndere skaaimerken dy't oan de âlde status tinken diene: gjin stinswier, en ek gjin brede grêft.

  • Poppe Bolta te Holwert, troud mei Ets Jaerla. Soan:
  • Inte Bolta, troud mei Fokel Helbada út Ferwert. Soan:
  • Tialingh Bolta, troud mei Hac Eysinga. Tialingh wie eigener yn 1511. Soan:
  • ?Feye Eysinga, troud mei Trin Hobbes Hermana. Dochter:
  • ?Hack Eysinga, troud mei Botte fan Holdinga fan Eanjum. Soan:
  • ?Wilcke fan Holdinga, troud mei Haring Roorda. Dochter:
  • Doedt fan Holdinga, eigenaresse yn 1640
  • Isabella Susanna thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg, eigenaresse yn 1700
  • Sybe Gerbens Potter en Djurre Clasen (50/50) eigeners yn 1728
  • erven Klaas Tigler, eigeners yn 1832

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • website hisgis
  • States yn Fryslân