Springe nei ynhâld

Lockheed L-188 Electra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jun 2023 om 16.36 troch Drewes (oerlis | bydragen) (st.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lockheed L-188 Electra


Rol Passazjiersfleantúch
Makker Lockheed Corporation
Earste flecht 6 desimber 1957
Yn tsjinst 1959
Status Wurdt hjir en dêr noch brûkt (2014)
Tal makke 170 (1957–1961)
Grutste brûkers American Airlines, Eastern Air Lines, Braniff Airways, National Airlines en KLM
Fariant Lockheed P-3 Orion

De Lockheed L-188 Electra is in ferkears- en transportfleantúch mei fan de Amerikaanske fleantúchfabrikant Lockheed. Hy wie it iennichste grutte Amerikaanske ferkearsfleantúch mei turbopropoandriuwing.

Nei American Airlines skaften ferskate oare fleanmaatskippijen de Electra oan. Yn Jeropa brûkte allinne de KLM dizze masine, de L-188c (12 stiks), fan 1959 oant 1969.

Lockheed sette yn 1954 út ein mei it ûntwerpen dit fleantúch. It waard een leechdekker mei fjouwer turbopropmotors mei plak foar 66 oant 98 passazjiers. Neist it orzjinele ûntwerp, de L-188A, kaam der ek in langeôfstânsferzjen, de L-188C. Totaal binne der 170 Electra's makke. Ut de Electra is de Lockheed P-3 Orion ûntwikkele, in maritym patrûljefleanmasine dy't ek troch de Keninklike Marine brûkt waard.

In L-188A Electra fan Pacific Southwest Airlines, om 1960
L-188A L-188C
Langte: 31,80 m 31,80 m
Spanwiidte: 30,18 m 30,18 m
Hichte: 10,25 m 9,77 m
Gewicht leech: 26.037 kg 25.878 kg
Maks. tartgewicht: 51.257 kg 52.665 kg
Heechste faasje: 721 km/o 721 km/o
Krúsfaasje: 652 km/o 652 km/o
Tsjinstplafond: 8.655 m 9.150 m
Fleanberik: 4.458 km 5.567 km
Kapasiteit: 3+4 bemanningsleden, 74-98 passazjiers 3+4 bemanningsleden, 74-98 passazjiers
Oandriuwing: Fjouwer Allison Turboprop 501 D-13 (fan 2.800 kW) of 501 D-15 (fan 3.022 kW) Fjouwer Allison Turboprop 501-D15, 4.050 hk (fan 2.977 kW)
Propeller: fjouwer blêden fjouwer blêden

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]