Feyenoord is in profesjonele fuotbalklup út Rotterdam, oprjochte op 19 july1908, dy't útkomt yn de Earedifyzje. De klup stiet derom bekend in klup fan it folk te wêzen. De thúsbasis is it Feijenoord Stadion, dat yn de folksmûle De Kuip neamd wurdt. It tenu bestiet tradisjoneel út in read-wyt shirt mei in swarte broek en swarte sokken. Yn Nederlân is de klup mei Ajax en PSV ien fan de trije tradisjonele topklups.
Feyenoord wûn sechtjin kear de lânstitel, trettjin kear de KNVB-beker, ien kear de Jeropakup I, de foarrinner fan de Champions League, twa kear de UEFA Kup en ien kear de wrâldbeker. Dêrmei spilet Feyenoord út histoarysk eachpunt in wichtige rol yn de Nederlânske fuotbalkompetysje. Op de UEFA ranglist fan de bêste klups yn Jeropa stiet Feyenoord as fiifde Nederlânske klup sûnt 2008 op it 80ste plak.[1]