Springe nei ynhâld

Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jun 2023 om 09.10 troch Rwzi (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde (Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, yn it koart: MNL) is in yn 1766 oprjochte letterkundich-histoarysk genoatskip; it is de âldste feriening fan Nederlân. Sy waard stifte yn Leien en is dêr noch altyd fêstige. Keninginne Beatrix is beskermfrou fan de stichting.

Neffens har statuten hat de MNL as doel: de beoefening van de schone letteren en de studie van de Nederlandse taal- en letterkunde, geschied- en oudheidkunde in hun onderlinge samenhang te bevorderen. De aktiviteiten fan de MNL binne:

  1. it organisearjen fan letterkundige en wittenskiplike gearkomsten,
  2. it útjaan (of jildlik stypjen dêrfan) fan boeken en tydskriften (sa as sûnt 1881 it Tijdschrift voor Nederlandse taal- en letterkunde en sûnt 1983 it Nieuw letterkundig magazijn),
  3. it takennen fan prizen, nammentlik de Priis foar Masterskip, de Lucy B. en C.W. van der Hoogt-priis, de Dr. Wijnaendts Francken-priis, de Henriette Roland Holst-priis, de Henriëtte de Beaufort-priis, de Kruyskamp-priis, de Frans Kellendonk-priis en de C. Louis Leipoldt-priis,
  4. it behearen fan har bibleteek (sûnt 2 oktober 1876 ûnderbrocht yn de Leienske universiteitsbibleteek).
Gearkomst fan de MNL yn 1970. Efter de tafel f.l.n.r. Fernand Auwera, Karel van het Reve, Godfried Bomans, Hella Haasse, Hans Gomperts, Harry Mulisch, Willem Brandt, Herman J. Claeys, Eugène van Itterbeek

Alle jierren jout de MNL in jierboek út, dat neist wittenskiplike artikelen mei fan belang is fanwege de Levensberichten fan ferstoarne leden fan de MNL dy't der yn opnaam binne. De MNL stie yn 1999 oan de widze fan de Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL), in webside oer de Nederlânske taal en literatuer. De DBNL befettet literêre teksten, sekundêre literatuer en oanfoljende ynformaasje sa as biografyen, portretten en hyperlinks. De MNL hat in wittenskiplike en algemiene bibleteek ta har foldwaan (mei dêryn unike dielkolleksjes) fan mear as 100.000 drukte wurken dy't sûnt 1876 yn de foarm fan in brûklien foar lange tiid as apart en autonoom kolleksje-ûnderdiel yn de Leienske universiteitsbibleteek húsmannet.

De MNL hat ferskate ôfdielingen, kommisjes en wurkgroepen:

Al de ûnderôfdielingen litte in ferskaat oan aktiviteiten en publikaasjes sjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]