Springe nei ynhâld

Heechljeppen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 jun 2023 om 08.48 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Heechljepper

Heechljeppen is in machtsport, in ûnderdiel binnen de atletyk. Hjirby moat in oanrin fan de sporter yn in sa heech mûglike ljep omset wurde.

By it heechljeppen moat de atleet mei help fan de pols oer in op hichte leine lat hinne. Oars as by it fierljeppen wurdt de pols meinaam by de oanrin en moat dy op it krekte stuit goed delsetten wurde. De pols is bûgber, dat in part fan de faasje wurdt dan omsetten yn it bûgjen fan de pols. Dan set de ljepper ôf, en mei faasje fan de oanrin en it wer strekken fan de pols komt der in beweging omheech. De gryp op de pols mei no net mear feroare wurde, dat der wurdt net kleaun yn de pols; it is ien trochgeande beweging. De ljepper set dan ôf fan de pols en besiket oer de lat te kommen. Oan de oare kant falt de atleet omleech nei de ljepkluft fan skomrubber. Dy ljepkuft is nedich om't de ljepper fan fiif of sels seis meter omleech falt, sûnder in pols om de delgeande faasje mei tsjin te hâlden.

Dit artikel is in stobbe oer sport.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.