Springe nei ynhâld

Vincenz Statz

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mai 2023 om 19.42 troch Drewes (oerlis | bydragen) (oeps, dy net)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Boumaster Vincenz Statz
Und fertig wird er doch, 1861

Vincenz Statz of Vinzenz Statz (Keulen, 9 april 1819 - dêre, 21 augustus 1898) wie in Dútske arsjitekt. Hy wurdt beskôge as ien fan de wichtichste en ynfloedrykste fertsjintwurdigers fan de neogoatyske boustyl yn it Rynlân.

Statz krige syn earste lessen fan in learling fan Karl Friedrich Schinkel en kaam dêrnei yn 1841 yn tsjinst by de wurkpleats fan de Dom fan Keulen, dêr 't er fan 1845 ôf as foarman wurke. Yn deselde tiid as Friedrich von Schmidt, dy 't letter it stêdhûs fan Weense boude, waard er troch de boumaster fan de Dom Ernst Friedrich Zwirner ynskeakele om oan de plannen te wurkjen. Hy wie sa entûsjast oer de skjintme fan it wurk dêr 't er oan wurkje mocht, dat syn fantasy sûnt allinnich noch mar libbe yn de kreaasjes fan de midsiuwske arsjitektuer. Dat entûsjasme komt ek ta utering yn syn akwarel 'Visie op 'e foltôge tuorren fan 'e Dom van Keulen' (Vision der vollendeten Türme des Kölner Doms) , dêr 't it tige bewûndere orizjineel him fan yn de Printe - en Tekeningekolleksje fan it Wallraf-Richartz-Museum & Fondation Corboud Keulen befynt. Dy akwarel datearret út 1861, doe 't de boukundige foltôging fan de tuorren fan de Dom fan Keulen om alderlei redenen noch lang net yn sicht wie. It keunstwurk draacht dan ek de titel Und fertig wird er doch!; in fyzje en oanmoediging tagelyk foar Zwirner.

Satz bestudearre de goatyske styl mei safolle tawijing, earst yn Keulen en it Rynlân, dêrnei yn Nederlân en België, en lang om let yn Frankryk en Ingelân, dat er yn koarte tiid beskôge waard as ien fan 'e bêste kenners derfan, en syn eigen ûntwerpen hellen de algemiene belangstelling foar de goatyske arsjitektuer wer oan.

Nei't Statz al yn 1847 mei syn eigen wurk útein set wie, wurke er fan 1854 ôf fulltime as arsjitekt.

In soad fan syn gebouwen waarden yn de Twadde Wrâldoarloch skansearre en dêrnei allinnich mar ferienfâldige restaurearre, guon waarden sels hielendal ôfbrutsen. By oare waard it meubilêr alhiel of foar in part fuorthelle, omdat de neogoatyske styl net mear bysûnder wurdearre waard. Earst yn de jierren 1970 krige de arsjitektuer fan it histoarisisme, dat ek Statz, wer mear wurdearring; de measte fan syn gebouwen steane dêrom hjoed-de-dei op de monumintelist, en in soad binne of wurde trou oan it orizjineel restaurearre.

Syn soan Franz Statz (1848-1930) wie ek arsjitekt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: