Springe nei ynhâld

Ferstanlike beheining

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mai 2023 om 16.49 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (of)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

In ferstanlike beheining of geastlike beheining is in ûntwikkelingssteurnis dêr't de ferstanlike fermogens net mei de normale snelheid by ûntwikkele en meastentiids ek nea in normaal nivo berikke sil.

De oarsaken fan it ûntstean kinne ferskaat wêze. It kin komme troch erflike faktoaren, oanberne, net oanberne faktoaren.

Oan de measte minsken mei in ferstanlike beheining is net te sjen dat se in beheining hawwe. It saneamde typyske uterlike symptoanen dy't taskreaun wurde oan minsken mei in ferstanlike beheining is allinnich oanwêzich yn in lyts tal gefallen dy't it gefolch binne fan in syndroam, bygelyks it Syndroom fan Down.

Faaks fertoane minsken mei in ferstanlike beheining de folgjende symptomen:

  • Fertragingen yn de ûntwikkeling fan spraak en taal
  • Tekoarten yn it ûnthâld
  • Swierrichheden by it oanlearen fan sosjale regels
  • Muoite mei probleemoplossende feardigens
  • Fertragingen yn de ûntwikkeling fan adaptive gedragings bygelyks selshelp- as selssoarch-feardigens
  • Gebrek oan sosjale-remmings

Der wurdt pas sprutsen fan in ferstanlike beheining as it IQ ûnder de 70 punten is.

Yn de praktyk is it foaral belangryk om te sjen hoefier't immen mei in ferstanlike beheining himsels rêde kin. Kin immen selsstannich wenje of selsstannich mei begelieding, as is it better dat immen yn in wênfoarm wenjen giet.

(ned) Webstee foar minsken en famylje fan minsken mei in ferstanlike beheining


Dit artikel is in stobbe oer biology.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.