Springe nei ynhâld

Angara (rivier)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 apr 2023 om 20.07 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Frysk(er))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ofwetteringsgebiet fan de Angara

De rivier de Angara (Russysk: Ангара́) ûntspringt yn de Baikalmar en mûnet út yn de Jenisej by Strelka. De rivier is net oer de hiele langte befarber. It wetter fan de Angara befriest nea troch de streaming en it opwâljend wetter út de djipten fan de Baikalmar fan sa'n 3 gr. Celsius dat de rivier fuorret.

Sûnt 1950 binne der fjouwer keardamen yn de rivier boud foar it meitsjen fan elektrisiteit. By Irkûtsk leit in opslachmar en de wetterkrêftsintrale Boguchany is it lêst oplevere. Yn 2012 begûn de stroomproduksje dêr't in part fan ornearre is foar in grutte raander fan it Russyske aluminiumbedriuw Rusal.