De Swel (Burdaard)
De Swel | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Burdaard | |
adres | Mounewei 17 | |
koördinaten | 53° 17' N 5° 52' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôt-, pel- en seachmûne | |
flecht | 23,50/23,60 meter | |
boujier | 1875; werbou yn 1988 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15585 | |
Webside | ||
Side De Swel | ||
Kaart | ||
De Swel is in nôt-, pel- en houtseachmûne yn Burdaard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike mûne waard yn 1875 boud en waard neffens guon doe daliks mei selsswichting útrist. Standertwurken op it mêd fan mûnen skriuwe lykwols dat de Eva yn Uskwert yn 1891 as earste Nederlânske mûne in selsswichting krige. De mûne yn Burdaard (doe noch oantsjutten as Wânswert oan de Streek) waard neist in nôt- en pelmûne ek in seachmûne. Unyk is dat de mûne net sintraal yn de seagerij stiet, lykas bygelyks de Fram yn Woltersum. De romp fan in paltrokmole waard los njonken de mûne setten en wurdt troch in ekstra oerbringing út de mûne wei oandreaun.
De mûne baarnde yn 1972 ôf neidat de mûne al jierren stilstie. Nei in tige muoisum ferrinnend proses waard de achtkante boppekruier hielendal restaurearre en yn 1988 wer yn gebrûk nommen. As nôtmûne is de stellingmûne profesjoneel yn gebrûk, de seagerij wurdt geregeldwei troch frijwilligers in bedriuw steld. De mûne is no eigendom fan gemeente Noardeast-Fryslân. De hjoeddeiske kombinaasje fan funksjes is unyk, al hie de earder neamde noch besteande mûne fan Woltersum earder ek dizze kombinearre funksjes.