Springe nei ynhâld

Martinus de Blocq fan Scheltinga (1736-1799)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 mrt 2023 om 16.49 troch Drewes (oerlis | bydragen) (plaatsje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hantekening Mr. Martinus van Scheltinga

Martinus van Scheltinga, (Ljouwert 28 oktober 1736 - It Hearrenfean, 5 maart 1799[1]), wie in Frysk politikus. Soan fan Daniël de Blocq fan Scheltinga, sekretaris fan Skoatterlân en letter boargemaster fan Drylts, en fan Aletta Catharina Lycklama à Nijeholt.

Martinus promovearre yn 1759 yn Utert yn de Rjochten. Hy waard yn 1777 grytman fan Skoatterlân. Hy wenne op It Hearrenfean, waard yn 1795 mei syn amtsgenoaten ôfsetten en ferstoar net lang dêrnei.

Soan fan Daniel de Blocq van Scheltinga en Aletta Catharina Lycklama à Nyeholt. Hy boaske Wiskje (1742-1795), dochter fan Cornelius Livius van Bouricius (1714-1757), luitenant by de kavallery, en Elske van Vierssen ( * 9 septimber 1742), dy't him 9 bern skonk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stamboom Kuipers