Springe nei ynhâld

Basel

Ut Wikipedy
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Basel
Flagge Wapen
Polityk
Lân Switserlân
Kanton Basel-Stêd
Sifers
Ynwennertal 174.793 (2015)
Oerflak 23,91 km²
Befolkingstichtens 7300 / km²
Stêdekloft n.f.t.
Hichte 244 - 260 m
Oar
Stifting 237/238
Tiidsône UTC+1
Webside Webstee fan de stêd Basel
Basel

Basel is in stêd yn it noardwesten fan Switserlân, oan de oere fan de Ryn. Nei Zürich en Genêve is Basel de tredgrutste stêd fan Switserlân. De stêd hat in grutte gemyske en farmaseutyske yndustry. Basel grinzet oan Dútslân en Frankryk.

  • 374 - Earste bewyske fan it bestean fan de delsetting Basilea.
  • 740 - Basel wurdt in biskopsstêd, wêrtroch't de stêd yn 'e rin fan de tiid machtiger wurdt.
  • 1417 - Grutte stêdsbrân.
  • 1460 - Stiftingsjier universiteit.
  • 1499 - Frede fan Basel
  • 1501 - Basel komt by de Switserske konfederaasje mei as namme 'kanton Basel'.
  • 1547 - Johannes Acronius Frisius giet nei Basel as professor yn de wiskunde. Hy bliuwt dêr oant syn dea.
  • 1833 - Bestjoerlike skieding tusken Basel-Stêd en Basel-Lân. Dêrnei binne beide bestjoerlike ienheden 'healkanton' yn Switsrlân.
  • 1869 - Friedrich Nietzsche wurdt heechlearaar yn Basel.
  • 15 juny 1954 - De UEFA wurdt oprjochte yn de stêd.
Panorama fan de stêd mei Ryn op 'e foargrûn.
Panorama fan de stêd mei Ryn op 'e foargrûn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Basel – foto, fideo en harktriemmen