Berend Kunst
Berend Wierts Kunst (Nieuwolda, 21 maaie 1794 - Hoogezand, 8 juny 1881) wie in Nederlânsk keunstskilder.
Kunst waard yn it Grinslânske Nieuwolda berne as soan fan mûnder en bakker Wiert Luitjens Kunst en Jenneke Berents Bakker. Yn 1816 boaske er oan Auke Roda. Kunst wie lykas syn heit ynearsten bakker, mar waard yn 1821 portretskilder. Koart skoft dêrnei ferfear de húshâlding nei Grins. Hy reizge as portrettist troch Nederlân, Dútslân, Denemark en Sweden. Yn 1825 waard him fan it Genootschap tot Bevordering van Teken-, Schilder-, Graveer- en Beeldhouwkunst in priis takend fan acht gouden dukaten.[1]
Kunst hold in register by fan de portretten dy't er yn de perioade 1823-1873 makke, dat boekje is bewarre bleaun.[2] Njonken skilderijen makke er fral pasteltekeningen. Hy skildere portretten fan ûnder oaren Hendrik Jan Oosting, boargemaster fan Assen, Jan Freerks Zijlker, Twadde Keamerlid, Menno Jan ter Haseborg, letter boargemaster fan Hoogezand, en de arsjitekt Jan Anthony Mulock Houwer.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Portret fan Dirk Piebes Sjollema, 1828
-
Portret fan Pieter Mulier (1783-1866)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |