Sylhús
Sylhús | ||
bouwurk | ||
It Sylhús mei dêrfoar de Slûs Hylpen | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
Súdwest-Fryslân | ||
plak | Hylpen | |
adres | 't Oast 12 | |
koördinaten | 52° 56' 37" NB 5° 24' 10" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | slûswachtershûs | |
boujier | 17e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22191 | |
kaart | ||
It Sylhús is in monumintaal slúswachtershûs oan 't Oast 12 yn Hylpen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De slûswachterswente waard yn de santjinde iuw boud en krige yn 1785 oan de dykskant in saneamde leagenbolle. Dy leagenbolle doch tsjinst as moetingsplak foar benammen âlder manlike ynwenners fan Hylpen. De leagenbolle is ûnder in oerkaping dy't stipe wurdt troch houten pylders. Yn de foargevel ûnder dy oerkaping is it stedswapen fan Hylpen mei it jiertal 1619 ynmitsele. Mooglik is dat it jiertal fan de bou fan it hûs. Op 'e naal fan it tek waard yn de njoggentjinde iuw in houten klokketoer mei spits op boud.
It gebou hat earder ek as fiskôfslach tsjinst dien. Boppe de leagebolle is in reliëf oanbrocht mei in ôfbyld fan de bjusterbaarlike fiskfangst troch Petrus en oare dissipels, dy't yn 1905 troch T. Gerlsma makke waard.
It gebou is in ryksmonumint en stiet njonken de Slûs Hylpen yn de Sylroede, mei dêrefter in wipbrêge.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Leagenbolle foar it Sylhús
-
Reliëf boppe de leagenbolle
-
Wapenstien mei jiertal
-
De Slûs yn de Sylroede mei lofts it Sylhús yn 2014
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sylhús (Hindeloopen) fan Wikimedia Commons. |