Museo del Prado
Prado | ||
museum | ||
Lokaasje | ||
lân | Spanje | |
plak | Madrid | |
adres | Paseo del Prado | |
Algemiene gegevens | ||
type | keunstmuseum | |
oprjochting | 19 novimber 1819 | |
oerflak | 45.000 m² | |
besikers | 3.200.000 (2019) | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Juan de Villanueva | |
Offisjele webside | ||
museodelprado.es | ||
Kaart | ||
It Museo del Prado yn Madrid, Spanje, ornaris koartwei it Prado neamd, is ien fan de grutste en belangrykste keunstmusea fan 'e wrâld. Oarspronklik waard it museum stifte as in museum foar skilderijen en byldhoukeunst, mar tsjintwurdich hat it museum ek belangrike samlingen fan printen, tekeningen, munten en oare keunstsaken.
Njonken de bêste samlingen fan Spaanske skilders binne der ek skilderijen fan Dútske, Flaamske, Italjaanske en Nederlânske skilders, lykas Albrecht Dürer, Botticelli, Caravaggio en Rembrandt.
Teagearre mei it 'Museo Thyssen-Bornemisza' en it 'Museo Reina Sofía' foarmet it Prado Madrid's 'Gouden Trijehoeke fan de Keunst', dy't yn 2021 yn de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed opnommen waard.
Skiednis
Ferdinand VII (1784-1833) wie yn 1814 fan doel in museum op te rjochtsjen mei it Louvre as model. Yn 1818 waard in geskikt gebou fûn om as museum te tsjinjen. It gebou wie yn de jierren 1785-1818 yn opdracht fan kening Karel III (1716-1788) boud troch de arsjitekt Juan de Villanueva en wie eins ornearre as in keninklik museum foar natuerwittenskippen. De arsjitekt Antonio López Aguado waard frege it gebou foar it keunstmuseum te ferbouwen.
Op 19 novimber 1819 waard it Prado Museum iepene ûnder de namme 'Museo Real de Pintura y Escultura' (Keninklik Museum foar Skilder- en Byldhoukeunst). De samlingen fan it 'Museo de la Trinidad' waarden yn 1872 oerbrocht nei it Prado Museum. Yn 1971 waarden de keunstwurken út de 19e en 20e iuw oerbrocht nei it 'Museu Reina Sofia'.
Bekende wurken (kar-út)
-
Ferkundiging
(Fra Angelico) -
Krúsôfnimming
(Rogier van der Weyden) -
Karel V
(Titiaan) -
Sint-Bonaventura
(Francisco de Herrera de Alde)
-
Oerdracht Nederlânsk besit (Freda fan Breda)
(Velázquez) -
De Smid fan de Fulkaan
(Velázquez) -
De tredde maaie
(Goya) -
Oanfal fan de Mamelukken
(Goya)
-
Judith oan it banket fan Holofernes
(Rembrandt) -
Adam en Eva
(Albrecht Dürer) -
Tún fan de Lusten
(Hieronymus Bosch) -
In Slavinne op de Easterske Markt
(José Jiménez Aranda)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Museo del Prado fan Wikimedia Commons. |