Hendrik Tillema
Hendrik Tillema | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik Freerk Tillema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 july 1870 | |
berteplak | Ychten | |
stoarn | 26 novimber 1952 | |
stjerplak | Bloemendaal | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | apoteker, fabrikant, skriuwer en fotograaf | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Hendrik Freerk Tillema (Ychten, 5 july 1870 – Bloemendaal, 26 novimber 1952) wie in Nederlânske apteker, fabrikant, fotograaf en strider foar in bettere sûnenssoarch yn Nederlânsk-Ynje fan Frysk komôf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tillema gie nei de HBS op It Hearrenfean en studearre dêrnei farmasy, earst yn Leiden en dêrnei yn Grins. Hy wurke by in apoteek yn Boalsert en gie ferfear yn 1896 nei Nederlânsk-Ynje. Dêr wurke er by de Samarangsche-Apotheek yn Semarang, dy't er trije jier letter oernimme koe. Al gau waard er fabrikant fan limonades, dêr't er in fortún mei fergarre.
Tillema waard yn 1910 lid fan de gemeenteried yn Semarang. De goalera-epidemy yn 1910 makke in soad yndruk op him en ynspirearre him ta syn libbenslange striid foar in bettere ynfrastruktuer op it mêd fan huzen en sûnens (û.o. wetterlieding en rioelearring). Syn ferkiezingleus wie: Weg met de malaria! Daarom stemt op Tillema! Yn 1914 gie Tillema mei syn gesin werom nei Nederlân. Tsientallen jierren bleau er yn ferskate publikaasjes krewaerjen foar in bettere hygiëny. Hy joech dy boeken yn eigen behear út, en brûkte selsmakke foto's foar yllustraasje fan syn redenearring. Yn 1923 beluts Tillema mei syn gesin Filla Semarang yn Bloemendaal. Oer in reis dy't er yn 1924-25 troch Yndonezië makke, skreau er it boek Zonder tropen geen Europa!
Tillema makke trije grutte reizen troch Yndonezië. Syn twadde en tredde reis giene ek troch Borneo, dêr't er in soad foto's en films makke. Dat resultearre ek yn in film fan mear as in oere en in boek fol foto's, Apo-Kajan. Een filmreis naar en door Centraal-Borneo (1938 ). Yn 1940 ûntfong Tillema in earedoktoraat fan de Ryksuniversiteit Grins, foar syn jierrenlange "ynset foar bettere hygiënyske wenomstannichheden yn Nederlânsk-Ynje". Foto's fan Tillema binne yn it Tropenmuseum Amsterdam, de Universiteitsbibliotheek Leiden (KITLV-kolleksje), mar it wichtichste part, tûzenen foto's en typoskripten, hat it Museum Folkekunde yn Leiden op 'e noed.
- Famylje
Hy wie soan fan ûnderwizer Sikke Tillema en Jantje Kluitenberg. Hy troude mei ûnderwizeres Anna Sophia Weehuizen. Ien fan harren soannen krige op 'e nij de namme Sikke; hy waard dokter; hy wie troud mei assistint polyklinyk Binnengasthús en bernedokter Anna van Ormondt. Ek dochter Elsje Tillema waard dokter en troude ek mei in dokter (Pieter Leguit).
Foto's fan Tillema
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Fillapark yn oanbou yn Semarang (om 1910 hinne)
-
Kampong yn Semarang
-
Dajakroeiers by de ekspedysje yn East-Borneo (1931-32)
-
Kenja maskerdûns op East-Borneo
-
It setten fan in tatoeaazje op East-Borneo (1931-32)
Earbetoan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tillema wie offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (fan 1914 ôf) en ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (sûnt 1939). Semarang ferneamde in plein nei him, dat letter omneamd waard ta JL Taman Sudirman. Oan it súdlik ein fan it plein leit Earefjild Candi, ek wol bekend as Earefjild Tillemaplein. Yn de jierren 50 hie Semarang ek in monumint yn de foarm fan in sitbank mei syn namme.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- H.F. Tillema: A journey among the peoples of central Borneo in word and picture. Ed. and with an introd. by Victor T. King. Singapore, Oxford University Press, 1989. ISBN 0-19-588936-3. (Fert. fan: Apo-Kajan. Een filmreis naar en door Centraal-Borneo (1938)
- H.F. Tillema: Apo-Kajan. Een filmreis naar en door Centraal-Borneo. Amsterdam, Van Munster, 1938. (Digitale ferzje yn Delpher)
- H.F. Tillema: Zonder tropen geen Europa!. Bloemendaal, 1926. (Digitale ferzje yn Delpher)
- H.F. Tillema: "Kromoblanda". Over 't vraagstuk van "het wonen" in Kromo's groote land. (6 dln.) De Haach, Uden Masman, 1915-1923 (Digitale ferzje yn Deplher)
Publikaasjes oer Tillema
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wim Rosema & Carinda Strangio: De nalatenschap van Hendrik Freerk Tillema (1870-1952) in het Rijksmuseum voor Volkenkunde . Leien, 2017. Geen ISBN
- Ewald Vanvugt: Een propagandist van het zuiverste water. H.F. Tillema (1870-1952) en de fotografie van tempo doeloe. Amsterdam, Uitgeverij Jan Mets, 1993. ISBN 90-5330-092-9