Tampere
Tampere | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Finlân | |
Regio | Pirkanmaa | |
Gemeente | Tampere | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 219.624 (2013) | |
Oerflak | 689,6 km² (ynkl. wetter) 525 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 418,3 / km² | |
Stêdekloft | 352.847 (2013) | |
Hichte | 119 m | |
Oar | ||
Stifting | 1775 | |
Tiidsône | UTC+2 | |
Simmertiid | UTC+3 | |
Koördinaten | 61°29′53″N 23°45′36″E | |
Offisjele webside | ||
www.tampere.fi | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Finlân.
|
Tampere (Finske útspr.: [ˈtɑmpere]; Sweedske namme: Tammerfors) is in stêd en gemeente yn sintraal súdlik Finlân. Mei krapoan 220.000 ynwenners is it de grutste stêd fan hiele Skandinaavje dy't net oan 'e kust leit. Mei foarstêden en ferstedske omkriten derby hat it as stêdekloft sels in ynwennertal fan goed 350.000 minsken. Tampere is kwa befolking de op twa nei grutste gemeente fan Finlân, nei de haadstêd Helsinky en it plak Espoo dat in foarstêd fan Helsinky is. It Fleanfjild Tampere is it op twa nei drokste fan it lân, mei 800.000 reizgers jiers. De temperatuer is yn Tampere winterdeis oan 'e frisse kant, mei in deistich gemiddelde dat fan novimber oant maart ûnder it friespunt leit. De simmers binne dan wol wer myld, mei in hichtepunt fan yn trochsneed 22,2° C. oerdeis yn july.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tampere leit ynklamme tusken twa marren, Näsijärvi yn it noarden en Pyhäjärvi yn it suden. Mei't dy beide marren 18 m yn hichte skele, is de Tammerkoski, de streamfersnelling dy't har mei-inoar ferbynt, sûnt de Midsiuwen al in wichtige boarne fan wetterkrêftenerzjy. Yn it ferline waard dy brûkt foar it oandriuwen fan molen, mar sûnt de tweintichste iuw wurdt der elektrisiteit mei opwekke. Fanwegen de lange skiednis fan yndustry op grûn fan wetterkrêft wurdt Tampere ek wol "it Manchester fan it Noarden" neamd. Der bestiet trouwens in teory dat de namme "Tampere" fan it Sweedske damber komt, wat "mooldaam" betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tampere waard yn 1775, doe't Finlân noch ta Sweden hearde, oan 'e igge fan 'e Tammerkoski stifte troch de Sweedske kening Gustaaf III, om as merk te tsjinjen foar de boerebefolking yn 'e omkriten. Fjouwer jier letter al, yn 1779, krige it stedsrjochten. Yn 'e njoggentjinde iuw, doe't Finlân ûnder Russysk bewâld kommen wie, woeks Tampere út ta in sintrum fan 'e tekstyl- en metaalyndustry, en nei 1850 wurke der hast de helte fan 'e alle Finske fabryksarbeiders.
Yn 'e tweintichste iuw rekke Tampere as wichtige yndustrystêd belutsen by in protte politike en maatskiplike barrens út 'e Finske skiednis. Sa waard yn 1905, ûnder in algemiene staking, de ferneamde Reade Ferklearring útsprutsen op it sintrale stedsplein, wat úteinlik late ta algemien stimrjocht yn Finlân en it skinken fan guon oare frijheden oan 'e Finnen troch tsaar Nikolaas II. Yn 1918, doe't Finlân noch mar krekt ûnôfhinklik wurden wie, foarme Tampere yn 'e Finske Boargeroarloch in bolwurk fan 'e kommunisten. Op 6 april dat jiers waard de stêd ferovere troch de Wite Garde, dêr't likernôch 10.000 kommunisten by kriichsfinzen nommen waarden.
Yn 'e perioade sûnt de Twadde Wrâldoarloch waard Tampere lang regearre troch de saneamde "As fan Wapenbruorren" (Aseveliakseli), in ferbûn tusken de konservativen en de sosjaal-demokraten tsjin 'e kommunisten en de boerepartij. Yn dy snuorje wie boargemaster Erkki Napoleon Lindfors ferantwurdlik foar de bou fan 'e Näsinneula-toer en de oanlis fan 'e foarstêd Hervanta, de "dochterstêd" fan Tampere, wylst boargemaster Pekka Paavola berucht waard fanwegen ûnderskate korrupsjeskandalen. Yn dyselde perioade waard it grûngebiet fan 'e stêd ek flink útwreide; Messukylä waard anneksearre yn 1947, Lielahti yn 1950, Aitolahti yn 1966 en Teisko yn 1972. Sûnt de njoggentiger jierren hat de swiere yndustry foargoed plak romje moatten foar bedriuwen op it mêd fan 'e ynformaasjetechnology en de telekommunikaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|