Dútske eastkolonisaasje
De Dútske kolonisaasje (Dútsk: Deutsche Ostsiedlung), ek yn oare talen gauris bekend as de Ostsiedlung, wie de midsiuwske kolonisaasje troch kolonisten út it Hillige Roomske Ryk nei de Slavyske en Baltyske gebieten yn Midden- en East-Europa.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begryp jout oan dat it om Dútsktalige (Heechdútsk en Platdútsk) minsken gong dy't har nei wenjen setten yn gebieten dy't relatyf tin befolke wienen troch Slaven, Hongaren, Roemenen of Balten. Dat proses wie begûn yn de hege midsiuwen en fersnelde yn de lette midsiuwen. In diel fan de Dútske ymmigraasje kaam op it fersyk fan Slavyske hearskers.
Nei de midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de midsiuwen sette de eastkolonisaasje troch. Yn 'e 16e iuw strutsen bygelyks Minnisten yn 'e omkriten fan Gdańsk del. Yn 'e 17e en 18e iuw folge de lêste weach oan ymmigranten. Nei de midsiuwen feroare de taalsitewaasje hurd. It Polabysk stoar yn 1756 út, it Slovinsysk waard yn 1945 inkeld noch in pear âlde minsken praat. It Sorbysk ferlear yn 'e 19e iuw syn status as mearderheidstaal en waard om 1900 hinne inkeld noch troch in minderheid fan de Sorben sprutsen. Yn ferbân mei it Dútsk nasjonalisme yn 'e 19e iuw waard de Ostsiedlung keppele oan it ekspansjonistyske tinken Drang nach Osten en oan it idee fan Lebensraum.
Nei de Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ferlies fan Dútslân yn de Twadde Wrâldoarloch waarden grutte groepen Dútsers mei geweld ferdreaun út Midden- en East-Europa. Gebieten dy't sûnt de midsiuwen in mingde Dútsk/Slavyske befolking hienen, krigen no in homogene Slavyske befolking. Dat jilde ek foar it (hjoeddeistige) West-Poalen en East-Prusen, dêr't sûnt de midsiuwen in homogene Dútsktalige befolking wenne. De huzen dy't troch de Dútsers ferlitten wienen waarden ynnommen troch minsken út easten fan it eardere Poalen en de Oakraïne. Dy groep waard ek troch de Sowjets twongen om te ferhúzjen.
Nei de fal fan de muorre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei die Wende (de werieniging fan Dútslân) en de fal fan it Izeren Gerdyn emigrearren de oerbleaune minsken fan Dútske komôf yn grutte oantallen út de gebieten fan Midden- en East-Europa dêr't sy en harren foarâlden iuwenlang wennen. De measten setten har nei wenjen yn it eardere West-Dútslân, dêr't finansjele stipe en wenningbystân in relatyf flugge yntegraasje mooglik makken. Hjoed-de-dei wennet allinnich yn Oppeln in gruttere Dútske minderheid (sa'n 78.000 minsken).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |