Springe nei ynhâld

Teneryf

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 sep 2022 om 03.01 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kanaryske Eilannen mei Teneryf
Satellytfoto fan Teneryf

Teneryf (Spaansk: Tenerife) is it grutste fan de Kanaryske Eilannen, mei 812.839 ynwenners en in gebiet fan 2.034 km².

Gâns it eilân is fan fulkanyske oarsprong, mar de grutste fulkaan op it eilân is de Teidepyk (Pico de Teide), dy't mei 3717 meter hichte it heechste punt fan de eilannen en ek fan hiel Spanje is. De snie-bedutsen top fan de fulkaan hat it eilân syn namme jûn. Tene-ife wie yn de taal fan de Guanches fan La Palma berch-wyt - de wite berch.

Troch de lizzing (28°19 N, 16°34 W), it wetter, en de passaat hat it eilân in evenredich klimaat, mei te simmer 25° en te winter 19°. Hjirtroch lûk it eilân in protte toeristen.

It grutste plak op it eilân is Santa Cruz, de haadstêd fan it eilân en fan de Provinsje fan Santa Cruz fan Teneryf. By dy stêd leit ek it fleanfjild Los Rodeos, dêr't op 27 maart 1977 de Fleantúchramp fan Teneryf barde, it grutste fleanmasine-ûngemak ea.

Oare plakken op it eilân binne ûnder oaren de eardere haadstêd La Laguna en it doarp Guimar mei de Piramiden fan Guimar.

Teneryf hat likernôch deselde skiednis hân as de oare Kanaryske eilannen. Op it eilân binne in soad archeologyske fynplakken út de tiid fan de Guanchen, dêr't in protte ynformaasje út ôflaat wurdt. Tenerife wie it lêste Kanaryske Eilân dat syn selsstannigens ferlear. Op 25 july 1496 waard it definityf oan Spanje tafoege.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2004 - 812.839
  • 2003 - 799.889
  • 1970 - 470.000 (likernôch)
  • 1957 - 427.800 (likernôch)