Fokker Dr.I
Fokker Dr.I | |
---|---|
Rol | Jachtfleanmasine |
Makker | Fokker |
Untwerper | Reinhold Platz |
Earste flecht | 5 july 1917 |
Yn tsjinst | 1917 |
Tal makke | 420 (1917-1918) |
Brûkers | Luftwaffe |
Farianten | Sjoch tekst |
De Fokker Dr.I Dreidecker (trijedekker) wie in Dútske jachtfleanmasine út de Earste Wrâldoarloch, boud troch Fokker. It ûntwerp wie fan Reinhold Platz. De Dr.I waard ferneamd as it tastel fan de Reade Baron, Manfred von Richthofen.
April 1917 waard de Sopwith Trijedekker troch de RNAS yn gebrûk naam. It die bliken dat dy superieur wie foar de jachtfleantugen fan Albatros en Halberstadt oer dy't op dat stuit tsjinnen yn de Dútske loftmacht. Guon fleanmasinefabrikanten doarden in trijedekker te ûntwerpen, wêrfan't allinne de Pfalz Dr.I op lytse skaal produsearre waard.
Fokker andere mei de V.3, dy't swier te bestjoeren wie, sa die bliken. Dêrnei besocht Fokker de V.4. Dat tastel blykte tige manûvrearber en fral ek better as de trjiedekkers fan de oare fabrikanten-gadingmakkers. De rolroeren wiene licht te betsjinjen, mar net sa effektyf. It rjochtingsroer en hichteroer wiene ek licht te hantearjen én blieken goed te funksjonearjen.
It tastel koe tige skerpe bochten meitsje (fral nei rjochts fanwege it gyroskopysk effekt) en koe fluch klimme. Neidielen wiene de stadige dûkflecht en it net sa bêste sweeffermogen.
Nei it testen waard fuortendaliks út ein set mei de produksje en de earste tastellen waarden yn oktober 1917 oplevere as Dr.I.
It die bliken dat de trijedekker mear frijwat slimme tekoartkommings hie. Hy wie lang sa fluch net as de alliearde jagers yn krúsflecht en dûkflecht. Hy wie sels sleauwer as de Albatros en Pfalz ferkenners dy'er ferfange moast. De leech-kompressy Oberursal rotaasjemotor ferlear in soad fermogen op grutte hichte. Fierder wie it tastel dreech oan de grûn te setten wêrtroch't in plotte fleanders ferwûne rekken by in mislearre lâning.
Der wiene noch mear strukturele tekoartkommings dat grutte produksjeoarders soene der faaks net komme. Dêrom waard de produksje yn maaie 1918 folslein stillein. Der binne úteinlik mar 320 makke. De bettere Fokker D.VII waard yn gebrûk naam, sadat de oerbleaune Dr.I's fan it front tebeklutsen waarden en dêrnei as les- en ferdigeningstastel brûkt waarden.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- V3 - Earste prototype
- V4 - Earste produksjeprototype
- V5 - Utrist mei in Goebel Goe.III motor
- V6 - Gruttere ferzje, mei in Mercedes D.II motor
- V7 - Utrist mei in Siemens-Halske Sh.III motor
- V8 - Fiifdekker (trije fleugels by de noas, dûbeldekker efter de cockpit. Modifikaasje fan de V6.
- V9 - Dûbeldekker mei in Oberursel U.0 motor
- V10 - Utrist mei in Oberursel Ur.III motor
Fergelykber ûntwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Technyske feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feiten | |
---|---|
Motor | Oberursel Ur.II 9-silinder-rotaasjemotor [1] |
Silinderynhâld | 15,1 l |
Fermogen | 110 PS |
Eigengewicht | 140 kg |
Langte | 5,75 m |
Spanwiidte boppe | 7,20 m |
Spanwiidte midden | 6,23 m |
Spanwiidte ûnder | 5,73 m |
Hichte | 2,95 m |
Fleugeloerflak | 18,70 m² |
Gewicht leech | 383 kg |
Maksimaal startgewicht | 585 kg |
Topfaasje | 160 km/o op 2800 m |
140 km/o op 4200 m | |
Stiichfaasje 1000 m | 2 min 54 sek |
Maksimale fleanhichte | 6500 m |
Fleantiid | 1 oere 30 min |
Bewapening | 2 fêste, syngronisearre LMG 08/15, durch den Propellerkreis feuernd |
De Dr.1 ferlike mei oare fleantúchtypes ier 1918
Namme | Lân | Motorfermogen | maks. faasje | Startgewicht | Bewapening (masinegew.) | Plafond |
---|---|---|---|---|---|---|
Fokker Dr.I | 130 HK | 160 km/o | 585 kg | 2 | 6.500 m | |
Albatros D.Va | 185 HK | 187 km/o | 937 kg | 2 | 6.250 m | |
Pfalz D.IIIa | 180 HK | 181 km/o | 834 kg | 2 | 8.000 m | |
Ö. Aviatik (Berg) D.I | HUN | 200 HK | 185 km/o | 881 kg | 1-2 | 6.220 m |
Phönix D.I | HUN | 200 HK | 180 km/o | 805 kg | 2 | 6.000 m |
Morane-Saulnier AI | FRA | 160 HK | 208 km/o | 674 kg | 2 | 7.000 m |
SPAD S.XIII | FRA | 220 HK | 222 km/o | 820 kg | 2 | 6.650 m |
Nieuport 28 | FRA | 160 HK | 195 km/o | 740 kg | 2 | 5.200 m |
Sopwith Camel | 130 HK | 185 km/o | 659 kg | 2 en fjouwer 11,3-kg-bommen | 5.791 m | |
S.E.5a | 200 PS | 222 km/o | 880 kg | 2 | 5.185 m |
-
Replika Fokker Dr.I, dy't Richthofen by syn lêste aksje fleach. (Deutsches Museum yn München)
-
Dr.I replika
-
Fokker Dr.I
-
De Fokker Dr.I fan ritmaster Freiherr von Richthofen yn april 1918
-
Fokker Dr.I fan Lt. Raben
-
Fokker Dr.I, Josef Jacobs (48 oerwinnings): de súksesfolste piloat op de Fokker Dr.I
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fokker DR1.com - Research on the Fokker Dr.I
- Fokker Dr.I Triplane: Germany
- Fokker DR.I - The Aerodrome
- Fokker DR1 Fact Sheet – National Museum of the US Air Force
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker Dr1 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|