Follybal is ien fan de sporten dy't beoefene waard by de Olympyske Simmerspullen 1984 yn Los Angeles.
Foar de follybalsport waard útkaam yn ien dissipline: it sealfollybal. By dy Olympyske Spullen wie der in toernoai foar manlju en froulju. De wedstriden setten op 29 july útein en einigen op 11 augustus. De wedstriden waarden spile yn de Long Beach Arena yn Los Angeles.
De nûmers ien en twa fan eltse groep giene nei de heale finales. De nûmers lêst fan eltse groep spilen om plak njoggen en tsien. De nûmers trije en fjouwer fan eltse groep spilen om de plakken fiif oant en mei acht.
By de manlju waard de Feriene Steaten foar it earst Olympysk kampioen troch Brazylje yn de finale mei 3-0 te ferslaan. Itaalje krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Kanada mei 3-0.
Yn groep A gie Brazylje as earste troch nei de heale finales en de Feriene Steaten gie as twadde nei de heale finales. Yn groep B gie Kanada as earste troch nei de heale finales en gie Itaalje as twadde nei de heale finales.
De nûmers ien en twa fan eltse groep giene nei de heale finales. De nûmers trije en fjouwer fan eltse groep spilen om de plakken fiif oant en mei acht.
By de froulju waard de Sina Olympysk kampioen troch de Feriene Steaten yn de finale mei 3-0 te ferslaan. Japan krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Perû mei 3-1.
Yn groep A gie de Feriene Steaten as earste troch nei de heale finales en Sina gie as twadde nei de heale finales. Yn groep B gie Japan as earste troch nei de heale finales en gie Perû as twadde nei de heale finales.