Follybal is ien fan de sporten dy't beoefene waard op de Olympyske Simmerspullen 1976 yn Montreal. Foar de follybalsport waard útkaam yn ien dissipline: it sealfollybal. By dy Olympyske Spullen wie der in toernoai foar manlju en froulju. De wedstriden begûnen op 19 july en einigen op 30 july. De finale waard spile yn it Montreal Forum yn Montreal.
Egypte sleat har nei it spyljen fan ien wedstriid oan by de Afrikaanske boycot fan de Spullen fan Montreal. It resultaat fan dy wedstriid waard skrasst.
De nûmers ien en twa fan eltse groep giene nei de heale finales. De nûmers lêst fan eltse groep spilen om plak njoggen en tsien, omdat Egypte har weromlutsen hie, wie Kanada automatysk njoggende. De nûmers trije en fjouwer fan eltse groep spilen om de plakken fiif oant en mei acht.
By de manlju waard Poalen Olympysk kampioen troch de Sovjet-Uny yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Kuba krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Japan mei 3-0.
Yn groep A gie Poalen as earste troch nei de heale finales en Kuba gie as twadde nei de heale finales.
Yn groep B gie de Sowjetuny as earste troch nei de heale finales en Japan gie as twadde nei de heale finales.
De nûmers ien en twa fan eltse groep giene nei de heale finales. De nûmers trije en fjouwer fan eltse groep spilen om de plakken fiif oant en mei acht.
By de froulju waard Japan Olympysk kampioen troch de Sowjetuny yn de finale mei 3-0 te ferslaan. Súd-Korea krige de brûnzen medalje troch te winnen fan Hongarije mei 3-1.
Yn groep A gie Japan as earste troch nei de heale finales en Hongarije gie as twadde nei de heale finales.
Yn groep B gie de Sowjetuny as earste troch nei de heale finales en Súd-Korea gie as twadde nei de heale finales.