Konsesje (kontrakt)
In konsesje is it ferlienen fan rjochten troch de oerheid (nasjonaal en pleatslik) oan in korporaasje, persoanen of in oare wetlike ynstelling. Sa'n ferliening hat de foarm fan in juridysk binend kontrakt dat oaren fan de ferliende rjochten útslút.
Iepenbiere tsjinsten, lykas bygelyks de wetterlieding, kinne as in konsesje útfierd wurde. Dyjinge dy't de konsesje krijt, de "konsesjehâlder", is gauris in priveebedriuw dy't yn in kontrakt mei de oerheid it rjocht krijt it útfieren, ûnderhâlden en en it útdragen fan in ynvestearring yn in nutsbedriuw foar in yn it kontrakt fêststelde tiid. In oare foarm fan kontrakten tusken iepenbiere en privee-ynstellings is bygelyks pacht. By in pacht hat it bedriuw dy't de pacht krijt, de "pachter", it rjocht om it nutsbedriuw út te fieren en te ûnderhâlden, dochs de ynvestearring bliuwt ûnder de ferantwurdlikens fan de oerheid.
In gemeente kin bygelyks in konsesje ferliene oan in eigener fan in kafee by in swimbad, of de steat kin in konsesje ferliene oan in bedriuw foar it winnen fan mineralen. Ek kin in konsesje troch de oerheid jûn wurde as it troch de oerheid winsklik is om it iepenbier belang te ûnderstypjen. In konsesjehâlder kin bytiden sels subsydzje foar de konsesje krije, sa as bygelyks de eksploitaasje fan de spoarwegen. Sa hat Arriva de konsesje foar de treintsjinsten op de Fryske spoarwegen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, sjoch op References op dizze side |