Emily Brontë
Emily Brontë | ||
skriuwer | ||
Emily Brontë | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Ellis Bell | |
echte namme | Emily Jane Brontë | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 30 july 1818 | |
berteplak | Thornton | |
stoarn | 19 desimber 1848 (30 jier) | |
stjerplak | Haworth | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | Roman, poëzy | |
bekendste wurk(en) |
Wuthering Heights | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Emily Jane Brontë (Thornton, 30 july 1818 – Haworth, 19 desimber 1848) wie in Britsk romanskriuwster. Sy wie ien fan de trije Brontë-susters. Har susters binne Charlotte Brontë en Anne Brontë. Hja publisearre ûnder it manlik pseudonym Ellis Bell. Har ienichste roman Wuthering Heights wurdt algemien beskôge as ien fan de wichtichste romans fan de 19e iuw. De roman is in pear kear ferfilme.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Emily Brontë waard berne yn Thornton, ûnder Bradford yn Yorkshire, as dochter fan Patrick Brontë en Maria Branwell. Se wie de jongere suster fan Charlotte Brontë en de fyfde fan seis bern. Yn 1824 ferfear de húshâlding nei Haworth, dêr't Emily's heit dûmny wie, en yn dy omkriten kaam har literêre talint ta bloei. Yn harren bernejierren, nei de dea fan harren mem, betochten de trije susters en harren broer Patrick Branwell Brontë optochte lannen, dêr't de ferhalen dy't hja skreaunen har ôfspilen. Fan Emily is hast gjin wurk út dy peroade bewarre bleaun, útsein troch personaazjes útsprutsen gedichten. (The Brontës' Web of Childhood, Fannie Ratchford, 1941).
Yn 1838 gie Emily oan 'e gong as gûvernante oan de Miss Patchett's Ladies Academy yn Law Hill School, by Halifax, mar nei seis moanne waard hja sa ûnwennich dat se der mei ophâlde moast. Letter gie se mei Charlotte nei in priveeskoalle yn Brussel dy't laat waard troch Constantin Héger en syn wiif, Claire Zoë Parent Héger. Ek hawwe se tegearre besocht om thús in skoalle te begjinnen, mar se hiene gjin learlingen.
It wie Charlotte dy't Emily hat poëtysk talint ûntduts. Dat foarme de oanlieding ta it útjaan fan harren gedichten yn 1846, yn ien bondel, Poems by Currer, Ellis, and Acton Bell. Om de foaroardielen tsjin froulike skriuwers foar te wêzen namen de susters manlike foarnammen oan. Alletrije hâlden sy harren inisjalen: Charlotte waard Currer Bell, Anne hjitte no Acton Bell en Emily waard Ellis Bell.
Yn 1847 publisearre hja har iennichste roman, Wuthering Heights, yn twa dielen fan in bân mei trije dielen (it lêste diel waard foarme troch Agnes Grey fan har suster Anne). De nije sruktuer fan it boek brocht de kritisy in bytsje yn betiezing. Hoewol't it boek yn it earstoan mingde kritiken krige, waard it dêrnei dochs in Ingelske literêre klassiker. Yn 1850 redigearre Charlotte de roman en brocht it as selsstannich boek út ûnder Emily har wiere namme.
Emily har sûnens en dy fan har susters, hie te lijen fan de hurde omstannichheden sawol thús as op skoalle. Op de begraffenis fan har broer, it wie septimber, skipe hja kjeld dat laat hawwe soe ta tuberkuloaze. Emely wegere medyske help en stoar op 19 desimber 1848 middeis om twa oere hinne. Hja waard byset yn de Sint Michael Tsjerke yn Haworth, West-Yorkshire.
Fierder lêze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Emily Brontë, Charles Simpson
- In the Footsteps of the Brontës, Ellis Chadwick
- The Oxford Reader's Companion to the Brontës, Christine Alexander & Margaret Smith
- The Brontë Myth, Lucasta Miller
- Emily, Daniel Wynne
- Emily Brontë, Winifred Gerin
- A Chainless Soul: A Life of Emily Brontë, Katherine Frank
- Emily Brontë. Her Life and Work, Muriel Spark en Derek Stanford (1953).
- The Crimes of Charlotte Bronte, James Tully, 1999- hjir wurd sein dat Charlotte har suster Emily fergiftige hat....
- 'De lach van Schreck', haadstik 'Het geraamte in de kast', Mensje van Keulen (1991). Oer in mooglike ynspiraasjeboarne foar Wuthering Hights (sjoch ek Max Schreck).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan it Brontë Parsonage Museum in Haworth
- Kaart fan plakken dy't ferbûn wurde kinne mei Wuthering Heights en Emily Brontë
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emily Brontë fan Wikimedia Commons. |