Gewichtheffen op de Olympyske Simmerspullen 1924
De Olympyske Simmerspullen 1924, ek wol de VIIIe Olympiade neamd waarden yn 1924 yn Parys, Frankryk hâlden. It gewichtheffen waard hâlden yn it Vélodrome d'hiver.
Vélodrome d'hiver
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Vélodrome d'hiver waard boud yn 1900 as ûnderdiel fan de wrâldtentoanstelling yn Parys. Yn 1909 waard it omboud ta Velodroom mei in lingte fan 253.16 m en yn it midden in rolskaatsbaan fan 2.700 fjouwerkante meter en krige it syn namme Vélodrome d'hiver. Yn 1924 wie it Olympysk Stadion foar it wrakseljen, boksen, skermjen en gewichtheffen. It Vélodrome waard 18 jier nei de Spullen bekend trochdat it yn de Twadde Wrâldkriich brûkt wie as sammelplak fan minsken dy't oppakt wiene nei in grutte razzia yn Parys. Yn 1959 is it velodrome ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it Frânske ministearje fan Binnenlânske saken.
Manlju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Klasse | Totaal gewicht | lân | lân | lân | |||
---|---|---|---|---|---|---|---|
oant 60 kg | 402.5 kg | ITA | Pierino Gabetti | AUT | Andreas Stadler | SUI | Arthur Reinmann |
oant 67,5 kg | 440.0 kg | FRA | Edmond Décottignies | AUT | Anton Zwerina | TCH | Bohumil Durdis |
oant 75 kg | 492.5 kg | ITA | Carlo Galimberti | EST | Alfred Neuland | EST | Jaan Kikkas |
oant 82,5 kg | 502.5 kg | FRA | Charles Rigoulot | SUI | Fritz Hünenberger | AUT | Leopold Friedrich |
oer 82,5 kg | 517.5 kg | ITA | Giuseppe Tonani | AUT | Franz Aigner | EST | Harald Tammer |
Medaljespegel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De top-6 fan lannen dy't by it gewichtheffen medaljes wûn ha tidens de Olympyske Simmerspullen fan 1924.
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Itaalje | ITA | 3 | 0 | 0 | 3 |
2 | Frankryk | FRA | 2 | 0 | 0 | 2 |
3 | Eastenryk | AUT | 0 | 3 | 1 | 4 |
4 | Estlân | EST | 0 | 1 | 2 | 3 |
5 | Switserlân | SUI | 0 | 1 | 1 | 2 |
6 | Tsjechoslowakije | TCH | 0 | 0 | 1 | 1 |
Olympyske Simmerspullen 1924 | |||
---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Boksen | Dykhurdfytsen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hynstesport | Hurdsilen | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Polo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tennis | Wetterpolo | Wrakseljen |