Springe nei ynhâld

Boelguod

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 mai 2022 om 16.06 troch Drewes (oerlis | bydragen) (kat oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Boelguod of buolguod wie in publike ferkeaping. It barde meast by boeren en hat op it plattelân noch lang in grutte betsjutting hân. In boerebuolguod wie in folksfeest. Ek in soad net-keapers, echte buolguodders kamen der op ôf. Der stienen diskes en bytiden wie it in merke yn it lyts. Sintrale figuer wie de notaris. Syn adfertinsjes en ferkeapboekjes fertelle yn in soms wûnderlike taal oer it eardere bedriuw. De opropper spile ek in rol. Om him hinne stienen de strykjildskriuwers. As de buolguodtafel foar de doar kaam betsjutte dat bytiden dat de hiele ynboel by eksekúsje ferkocht waard. Yn in soad Fryske romans, bygelyks by Reinder Brolsma spilet it buolguod in rol.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Boelgoed.