Springe nei ynhâld

The Suicidal Birds

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 apr 2022 om 20.40 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (kat)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
The Suicidal Birds
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 20052010
prizen Fryske Poppriis (2005)
âld-leden Jessie Leyten
leden
Chay Oord
Sido Jansen
Kor Slofstra
Roel Verhoeve

The Suicidal Birds wie in band út Bakkefean dy’t foarme waard om sjongeres, gitariste en lietsjeskriuwster Jessie Leyten. The Suicidal Birds spile rauwe, bluesy garaazjerock.

Gitariste Jessie Leyten krige har earste bekendheid mei har punk band Ragna. Neidat de band opheft wie makke se har eigen CD dat begjin 2005 ferskynde by Dangerous Recordings ûnder de titel Z-List. De cd waard ek by de BBC draaid en nei in radiosessy yn Londen folgen in soad optredens.[1] Om de nûmers ek live spylje te kinnen foarme se in band mei Chay Oord (ex-Loes Haasdijk Ensemble) op bas, eardere Ragna-bandgenoat Sido Jansen op gitaar en Kor Slofstra op drums. Nei in debútoptreden yn seal Paradiso folgen mear optredens. Nei ferrin fan tiid kaam drummer Roel Verhoeve yn it plak fan Slofstra. De band treedt op de Amerikaanse band Dinosaur Jr. in Brussel, Amsterdam en Grins en is te sjen op Metropolis en op de Popronde. Nei súksesfolle optredens as viermansformatie krije de leden muzikale mieningsferskillen en giet fierder as duo.

De groep wûn ein 2005 Fryske Poppriis.

It duo trede sûnt begin 2006 op as duo, mei begelieding troch in drumkompjûter. Dêrnei folgje optredens by Eurosonic en Noorderslag yn Grins. Nei toernees troch Ingelân, Itaalje, Frankryk en Nederlân ferskynt yn 2007 it album Versus Life by punklabel Tocado. It duo spilet op de Popkomm in Berlijn. Ein novimber 2007 organisearret Chay de twadde edysje fan it festival Hit The North in Poppoadium Romein yn Ljouwert. Fan dat festival ferskynt in kompilaasje mei fiif Frânske en fiif Nederlânske bands.Oan de foarjûn fan it Noorderslagwykein wurdt it tredde album presintearre mei as titel Spend Your Life In Serious Misery Dêrnei folge in rige Europeeske optredens.

Yn 2010 hâlde de band op te bestean.

  • Z-List (Dangerous Recordings, 2005)
  • Versus Life (Tocado, 2007)
  • Spend Your Life In Serious Misery (Tocado, 2009)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. fakemagazine.nl