Springe nei ynhâld

Krusende Flerken

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 mrt 2022 om 01.46 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Krusende Flerken
keunstwurk
bysûnderheden
jier 2010
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
plak Vollenhove
lokaasje oan de Kadoelermar

'Krusende Flerken' is in keunstwurk yn Vollenhove dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

It keunstwurk bestiet út twa stielen flerken mei dêr tuskenyn in hege treppen. It byld jout útsjoch op fasetten fan wetterbehearsking en wettersuvering yn de hoeke fan Noardwest-Oerisel. It keunstwurk foarme de ôfrûning fan in tal wetterwurken yn en om Vollenhove. It waard yn 2010 ûntbleate troch de gemeente Stienwikerlân en it Wetterskip Reest en Wieden.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: