Springe nei ynhâld

P.C. Hooft

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 mrt 2022 om 09.22 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Pieter Corneliszoon Hooft

Pieter Corneliszoon Hooft, better bekend as P.C. Hooft (Amsterdam, 16 maart 1581 - Den Haach, 21 maaie 1647), wie in skiedkundige, dichter, toanielskriuwer en ek drost fan Muiden en baljuw fan Naarden.

Hooft wie de soan fan Cornelis Hooft, dy't tal fan funksjes yn it bestjoer fan Amsterdam hân hat, ûnder oare dy fan boargemaster. Hooft kin beskôge wurde as ien fan de grûnlizzers fan de serieuze literêre kultuer yn it Nederlânske taalgebiet, nei it foarbyld fan Frankryk en Itaalje.

Nei't er in reis troch Jeropa makke hie studearre er rjocht yn Leien. Hooft waard in eksponint fan de renêssânse yn Nederlân en hie humanstyske ideeën.

Hooft hat twa kear troud west. Yn 1610 boaske er mei Christina van Erp. Nei har dea yn 1624 troude er mei Leonora Hellemans yn 1627.

Muider fermidden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

P.C. Hooft tsjintwurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sjike P.C. Hooftstrjitte yn Amsterdam, meast alinnich "de PC" neamd, is nei Hooft ferneamd. Itselde jildt foar de prestizjeuske P.C. Hooft-priis.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A.M.T. Leerintveld, Hooft en Huygens. Kroniek van een vriendschap 1620-1625, in J. Jansen (ed.), Omnibus idem Opstellen over P.C. Hooft ter gelegenheid van zijn driehonderdvijftigste sterfdag, Hilversum, 1997, pp. 69-82.
  2. E.K. Grootes, Hooft en Bredero, in J. Jansen (ed.), Omnibus idem Opstellen over P.C. Hooft ter gelegenheid van zijn driehonderdvijftigste sterfdag, Hilversum, 1997, siden. 19-30.