Moai Gaasterlân
Moai Gaasterlân is in earder bernetehûs yn de bosken fan Riis yn Gaasterlân. Foar it gebou oer leit de Rysterbosk en in pear kilometer fierder de Iselmar.
Koloanjehûs
It waard yn juny 1926 troch it Bûn fan Roomsk Katolike Wurkljuferienings iepene as bernekoloanjehûs foar ferswakke bern út earme yndustrygebieten fan it bisdom Utert. Susters fransiskanen bekroaden har om de 'skiernoaskes' dy't yn in saneamde yt-en-rêstkultuer op krêften brocht waarden.
Yn 1929 waard der in kapel op it terrein boud yn opdracht fan de doetiidske eigener, de Uterske Diocesane Bond der Katholieke Arbeiders Beweging. It ûntwerp fan de kapel wie fan de Fryske arsjitekt Arjen Witteveen. De muorreskilderingen yn de kapel waarden makke troch Jacob Ydema.
-
Jacob Ydema, It apokalyptyske laam en âlderlingen, 1934
-
Jacob Ydema, Lêste Oardiel, 1933
-
Jacob Ydema, It apokalyptyske laam en âlderlingen, 1934
Yn 1947 soargen de Dochters fan Us Leaffrou fan it Hillich Hert út Tilburch foar in trochstart. De nonnen soargen net allinnich, mar joegen ek ûnderwiis. Yn 1970 waard Moai Gaasterlân troch de oerheid erkend as 'medysk bernetehûs'. Dêrnei mochten ek net-roomske bern opnomd wurde en namen profesjonele fersoagers it wurk fan de religieuzen oer. Doe't der in koflikt ûntstie waarden de lêste fjouwer susters yn 1977 twongen fuort te gean; de pater waard ûntslein en de kapel sletten.
Yn dy perioade waarden de grutte sliepsealen ferfongen troch smûkere groepshuzen. De klam kaam mear te lizzen op bern dy't troch harren âlden yn de problemen rekken. Dêrnei gienen se faak nei pleechhúshâldings of ynstelling. Sûnt 2005 eksploitearret de Stichting Jeugdhelp Fryslân it tehûs foar medysk-ortopedyske en yntinsive risidinsjele behanneling foar bern oant tolve jier.
Sluting yn 2010
Fanwege besunigings waard besluten om de filla ein 2010 te ferkeapjen. Fan de 64 plakken wienen begjin 2010 noch 50 beset, ein fan dat jier noch 28. Ein novimber fan dat jier wie der in iepen dei foar âld-meiwurkers en âld-bewenners.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|