Kamp (lân)
Appearance
In kamp is in stik lân dat troch in sleat, beamwâl of oars ôffrede is. It kin gean om in fjildnamme yn it algemien, mar ek om in stik healân by in pleats. In finne is faak wat grutter.
Op de Klaai wie in kamp yn de 19e iuw faak wat lytser as yn de Wâlden, mar wie faak wol mear wurdich. Yn Dantumadiel is in kamp yn trochsnee twa kear sa grut as in klaaikamp en ek grutter as it omlizzende lân, mar is tagelyk minder wurdich as it lân der omhinne. In kamp op de klaai is dus in hiel oars ôffrede lân as in kamp op it sân. De Drintske kampen dy’t yn de 18e iuw oanmakke binne, binne like grut as de lettere kampen yn Dantumadiel.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Karel Gildemacher yn: Freed, side 2 yn de LC fan 21 desimber 2007.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - kamp