Springe nei ynhâld

Trep

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 feb 2022 om 18.41 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In trep mei in bordes, rjochte stekken en twa trepearms.

In trep (meartal: treppen) of treppen (meartal: treppens) is in boukundige konstruksje dy't de ferbining foarmet tusken twa op ferskillende hichtenivo's leine flakken, lykas flierren, ferdjippings of terrassen. Fia sa'n ferbining ferpleatst men jin sawol horizontaal as fertikaal. In soartgelikense ferbining wurdt foarme troch in ljedder, mar it ferskil is dat men jin dêrmei eins inkeld mar fertikaal mei ferpleatst. Ek is in ljedder ornaris net in fêst ynboude konstruksje, hoewol't dat wol mooglik is. Oan 'e oare kant komme treppen ek yn ferpleatsbere foarm foar, lykas by in kokentrepke of in fleantúchtrep. It op- en delgean fan treppen wurdt trepkjen of treprinnen neamd.

Underdielen fan treppen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In trep bestiet út in rige horizontale flakken dy't horizontaal opinoar folgje, en fertikaal hieltyd in stikje heger lizze (of leger, fansels, ôfhinklik fan hokker kant men it besjocht). Sa'n horizontaal flak hjit in treed, tree, trep, treppen of treptreed; dat binne oantsjuttings dy't inkeld by in trep brûkt wurde kinne. Triem, trieme, trym, trime of triemme komme ek foar, en dy't kinne ek brûkt wurde by ljedders. It hichteferskil fan 'e treden ûnderling bedraacht yn 'e regel sa'n 20 sm.

De mei in loper beklaaide trep yn it Nasjonaal Museum yn Boekarest.

It komt foar dat de romte tusken de treden fan in trep iepen is; men sprekt dan fan in iepen trep. Faker is dy romte ticht trochdat der tusken de horizontale flakken fan 'e treden fertikale flakken oanbrocht binne. Sa'n fertikaal flak is in stjitboerd as it fan hout of metaal is, mar by in trep fan massyf stien, bgl. bûtendoar, sprekt men ynstee fan in stjitflak. By houten treppen stekt de treed faak in lyts eintsje út oer it stjitboerd hinne; it útstekkende diel fan 'e treed is de wel. In wellatte is in profilearre latte foar it stjitboerd en ûnder de wel; dy makket dus gjin diel út fan 'e eigentlik treed, mar is dêr ûnder de wel tsjinoan skroeve, spikere of plakt.

It gat dat in trep yn 'e flier fan in ferdjipping fan in gebou makket, hjit it trepsgat. Binnendoar is in trep soms út it sicht wei nommen troch der in doar foar te meitsjen, de trepsdoar. Yn in wenhûs komt in trep boppe almeast út op 'e oerrin. Yn grutte gebouwen foarmje treppen faak in eigen mei doarren ôfsletten fertrek, dat it treppehûs neamd wurdt. Op in boppeferdjipping kin in trepsgat soms ôfsletten wurde mei in trepslûk. De loaze romte ûnder in skean oprinnende trep wurdt faak ynrjochte as kast, wêrby't men sprekt fan in trepkast.

In iepen draaitrep.

Oer it algemien hat in trep yn in gebou oan 'e iene kant in muorre en oan 'e oare kant in iepen romte. Oan 'e muorrekant is op hânhichte faak in treplining of trepslining befêstige om jin oan fêst te hâlden. Dy bestiet almeast út in lange houten peal of metalen stange, dy't skean omheech mei hâlders yn 'e muorren fêstskroeve is. Oan 'e iepen kant is ornaris in oar soarte treplining oanbrocht, besteande út in stekwurk of traaljewurk dat ûnderstipe wurdt troch in grouwe fertikale treppeal. De treppeal is faak oanbrocht op it punt dêr't de trep in bocht makket. In minder grut fertikaal ûnderdiel fan in traaljelining wurdt in liningstyl, balúster, spyl of spile neamd. In ferbiningsstik tusken twa stikken treplining (bgl. by in bocht) hjit in wrongstik.

Treppen binne der yn alderlei foarmen. In iepen trep is in trep sûnder stjitbuorden, wêrby't men tusken de treden troch sjen kin. By in trep dy't om syn eigen as draait, sprekt men fan in draaitrep of in winteltrep. By sokke treppen komt it ek wol foar dat der healwei de boppelizzende ferdjipping in plato leit dêr't de trep in heakse bocht makket. Sa'n plato hjit in bordes of parredis. In trep dy't ferskate ferdjippings omheech giet, hat faak by eltse ferdjipping in soart fan plato, dat in trepportaal neamd wurdt.

In bûtentrep yn Japan.

De bocht dy't men by treppen makket oer in bordes of in trepportaal wurdt de stek neamd. As men bgl. in bordes fan foarren opkomt en fansiden wer ôfgiet, sprekt men fan in heakse stek. Giet men it bordes fan foarren op en ek fan foarren wer ôf (wêrby't de beide trepdielen dus njonkeninoar lizze), dan sprekt men fan in rjochte stek. Yn gruttere en/of lúksere gebouwen sjocht men wol dat in trep by in bordes yn twaen spjaltet en der oan wjerskanten fanôf en omheech liedt. Elts fan dy opspjaltings is in trepearm.

Yn hege gebouwen is it ûnpraktysk om (altyd) omheech of omleech te trepkjen. Foar guon lichaamlik beheinden, lykas lju dy't yn in rolstoel sitte, en yn mindere mjitte ek foar blinen, is treprinnen ûnmooglik of problematysk. Dêrom hawwe de measte gruttere en alle iepenbiere gebouwen in lift. Dat is in masine dy't minsken en eventueel fracht op meganyske wize nei in hegere of legere ferdjipping tilt troch in liftskacht. Yn gebouwen sûnder lift, lykas wenhuzen, kin foar ynfaliden en minder falide persoanen in treplift ynstallearre wurde. Dy bestiet út in sitsje dat by de wand fan 'e trep lâns omheech of omleech beweecht. Winkelsintra en grutte warehuzen binne faak foarsjoen fan roltreppen, dy't klanten út harsels fan 'e iene ferdjipping nei de oare bringe as se op ien fan 'e treden stean geane. Foar rolstuollen binne sokke apparaten lykwols net geskikt. Flatgebouwen beskikke faak oan 'e bûtenkant oer in brântrep, dy't inkeld brûkt wurdt yn gefal fan need, benammen by brân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.