Springe nei ynhâld

Philippe Pétain

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 feb 2022 om 17.43 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Philippe Pétain

Henri Philippe (Philippe) Pétain, mar mear ferneamd as Maarskalk Pétain (Cauchy-à-la-Tour, 24 april 1856 - Port-Joinville, 23 july 1951) wie in Frânske soldaat en steatshaad tidens it Vichy-rezjym

Yn 1876 gie hy yn tsjinst yn it Frânske leger en gie nei de militêre skoalle Saint-Cyr. Dêrnei tsjinne hy jierrenlang as ynfantery offisier en ynstrukteur. Nei it bestudearjen fan de Russysk-Japanske kriich (1904-1905) kaam hy ta de konklúzje dat troch de moderne artillery men better definsive taktiken betinke koe as oanfallende. Dat waard him lykwols troch it Frânske leger net yn dank ôfnaam. Dêr hearsken doe oare gedachten en soks betsjutte dat syn militêre karriêre op slot kaam.

By it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich soe Pétain krekt ophâlde yn it leger. Mar fanwege de kriich waard hy promovearre ta brigadegeneraal en die er mei oan de oanfal yn Artois. Yn 1916 beneamde oerbefelhawwer Joseph Joffre him ta kommandant fan de Frânske soldaten by Ferdun. Pétain reorganisearre de befoarrieding fan it front en wie by steat de oanfal fan de Dútsers te kearen (Slach by Ferdun). Hjirtroch waard er sjoen as oerwinner fan Ferdun.

Nei it offinsyf fan generaal Robert Nivelle wat útrûn op in grutte mislearring yn it foarjier fan 1917 woenen de Frânske soldaten net langer fjochtsje en gongen yn staking. Komplete ienheden woenen net mear fjochtsje en yn guon gefallen moast der sels artilleryfjoer ôfsjitten wurde op de stakers. Generaal Nivelle waard ûntslein en Pétain mocht him opfolgje. Hy gie nei de legerienheden en spruts mei de soldaten. Hy stie bekend as in generaal mei in hert foar de gewoane man. Hy wist it tij te kearen. Hy sette bettere ferlofregelingen op en it Frânske leger waard allinnich noch ynsetten foar definsive operaasjes. Dizze oerwinning wurdt wol Pétains morele Ferdun neamd. Pétain spile ek in wichtige rol by de ûntwikkeling fan bettere Frânske tanks: de FT-17 en de Char 2C; fan de FT-17 miende hy dat se wichtich wienen foar it moreel yn lettere offensiven.

Twa wiken nei de wapenstilstân waard Pétain befoardere ta Maarskalk.

Yn 1940, doe’t hy al 84 jier âld wie stimde hy yn mei in beneaming ta steatshaad fan it Vichy-rezjym dat hast hielendal ûnder kontrôle stie fan Dútslân. Pétain blykte in antisemyt te wêzen. Under syn bewâld begûn de joadeferfolging. Nei de lanning yn Normandje waarden Pétain en de oare leden fan it Vichy-rezjym troch de Dútsers twongen nei Sigmaringen yn Dútslân te ferhúzjen. Koart dêrnei stapte hy del. Yn april 1945 kaam hy werom nei Frankryk, dêr waard hy arrestearre en beskuldige fan heechferrie. Hy waard skuldich befûn en ta de dea feroardiele. Mar fanwege syn hege leeftyd en fan syn fertsjinsten yn de Earste Wrâldkriich waard it fûnnis troch Charles de Gaulle omsetten ta in libbenslange finzenisstraf.

Wêrom Pétain oerstapt is nei de Dútsers is nea dúdlik wurden. Ta ferdigening is wol oanfierd dat yn 1940 syn geastlike fermogens al tebek rûnen. De Gaulle hat dêr ek op doeld. Pétain ferstoar yn 1951 op 95-jierrige leeftyd yn de finzenis op it Île d'Yeu, neidat er senyl wurden wie en ynkontinint.