Klaas van der Meulen (skûtsje)
| |||||
Eigener | Stichting Skûtsje Klaas van der Meulen | ||||
Plak | Wâldsein | ||||
Werf | Werf De Piip | ||||
Boujier | 1911 | ||||
Kleur | brún | ||||
Lingte | 19,50 | ||||
Breedte | 3,69 | ||||
Holte | 1,15 | ||||
Djipgong | 0,40 | ||||
Skipper | Teake Klaas van der Meulen | ||||
Tonnaazje | 45 |
De Klaas van der Meulen is it skûtsje dat fan Wâldsein yn de SKS sylt.
Soli Deo Gloria
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skûtsje is fan 6 novimber 1911 oant 31 jannewaris 1912 boud by Werf De Piip, foar Sjoerd Visser. Dy neamde it skip de Soli Deo Gloria. Hy ferkoft it al rillegau oan syn omkesizzer, Piter Visser. Dy hat lang mei it skûtsje syld, mei stront, mei grûn en mei jirpels. Visser die net mei oan it hurdsilen; hy stuts syn tiid leaver yn it ferfier fan fracht. Yn 1952 stoppe Piter Visser mei it skûtsje, en it waard ferkoft. It kaam earst yn hannen fan Fekke Haringma, mar kaam doe yn Rintsumasyl en letter yn Wetterhuzen te lâne. It wie doe in wenboat by it baggerwurk, dat it hie in tige grutte opbou krigen.
Keimpe van der Meulen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1964 waard it koft troch Klaas van der Meulen dy't der wer in skûtsje fan makke. Hy neamde it nei syn heit de Keimpe van der Meulen. Fan 1965 ôf sylde hy der mei om it kampioenskip SKS, mei as seilteken in W foar Wâldsein. Hy sylde der mei oant 1973. Dat jier ferstoar Van der Meulen ûnder de SKS wedstriid by Starum. De wedstriid waard stoppe, en it skûtsje sylde ek de oare dagen net mear mei.
Klaas van der Meulen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1974 joegen de soannen van Klaas it skûtsje in nije namme. It waard ferneamd nei harren heit as de Klaas van der Meulen. Syn soan Keimpe sylde as earste fan dat jier mei yn de SKS. Earst wie dat midden yn it fjild, mar mei it serieuzer wurden fan it skûtsjesilen waard der begûn mei trenings, wat yn 1985 late ta it earste plak. Neffens ôfspraak tusken de bruorren is nei 13 jier Teake yn 1987 de skipper wurden. Dit hat laat ta noch twa einoerwinnings, yn 1989 en yn 1991. Nei de folgende 13 jier is yn 2000 Ype de skipper wurden. It skip is doe ferlingere oant 19,50 m, sa lang as mar mei by de SKS. Sûnt 2013 is Teake Klaas van der Meulen, in pakesizzer fan Klaas van der Meulen, skipper. It skûtsje is sûnt 1995 it eigendom fan de Stifting Skûtsje de "Klaas van der Meulen".
Skippers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1965-1973 : Klaas Keimpes van der Meulen
- 1974-1987 : Keimpe van der Meulen
- 1987-1999 : Teake van der Meulen
- 2000-2012 : Ype van der Meulen
- sûnt 2013 : Taeke Klaas van der Meulen
SKS kampioen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oantal | Skipper | Kampioen yn |
---|---|---|
1 | Keimpe van der Meulen | 1985 |
2 | Taeke van der Meulen | 1989 - 1991 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |