Stefanustsjerke (Westerbork)
Stefanustsjerke
Stefanuskerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Westerbork | |
adres | Hoofdstraat 12 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | tsjerke: begjin 15e iuw toer: 13e iuw- 18e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38743 (tsjerke) [1] 38744 (toer) [2] | |
offisjele webside | ||
Side PKN-gemeenten Westerbork |
De Stefanustsjerke is in goatyske tsjerke yn it Drintske doarp Westerbork.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Westerbork datearret út it begjin fan de 15e iuw. De toer is foar in part âlder, it ûnderste diel datearret út de 13e iuw, wylst yn 1778 it boppeste diel boud waard. Oarspronklik stie op it plak in houten kapel, dy't om 1360 hinne ferfongen waard troch in stiennen tsjerke.
Yn de roomske tiid wie de tsjerke wijd oan Stefanus, lykas ek de tsjerke fan Beilen, de parochy dêr't Westerbork oarspronklik ûnder foel. Nei de reformaasje rekke de namme fan de tsjerke yn ûnbrûk, mar yn 2007 krige de tsjerke de âlde namme werom.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nachtmielstafel is 17e-iuwsk en de preekstoel waard yn 1778 boud. Yn de tsjerke hinget in mei wapenskylden fersierde koperen kroanluchter út 1783.
De tsjerke besit twa skilderijen fan Reinhart Dozy, dy't fan 1939 oant syn ferstjerren yn 1947 yn it oanbuorjende Elp wenne. Hy skildere froulju yn Drintske klaaiïng as hja nei tsjerke gyngen. Sûnt 2012 hinget yn de tsjerke in tredde skilderij. It is in wurk fan de skilder Louis Albert Roessingh út it begjin fan de 20e iuw, dy't ek yn Elp wenne, en dat in doopplechtichheid foarstelt.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienmanualige oargel komt oarspronklik út de Bitgumer Sint-Martinustsjerke. Dêr bouden Christian Müller en Johann Michael Schwartsburg it oargel mei gebrûk fan âlder materjaal yn 1726. Doe't Petrus van Oeckelen foar Bitgum in nij oargel boude, krige it âlde oargel yn 1862 in plak yn Westerbork.
Sûnt 1985 besit de tsjerke ek in kistoargel.
Tsjerkesegel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas yn it wapen fan de eardere gemeente Westerbork wurdt yn it segel fan de tsjerke in wite falk ôfbylde. De fûgel ferwiist nei it saneamde falkejild, dat de parochy Beilen (dêr't Westerbork earder ûnder foel) betelje moast foar de ôfdracht fan in wite falk oan de biskop fan Utert.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Side Protestantske gemeente Westerbork
|