Nije lannen
De Nije Lannen binne it gebiet dêr't earder de Middelsee lei. De Middelsee wie in see-earm dy’t fan wêr't no It Bilt is nei it suden Fryslân yn stuts. Mei't de see tichtslibbe mei slyk út de Noardsee kaam der stadichoan nij lân frij op de boaiem fan de see. Lykwols wie it net allinnich in natuerlik proses: yn de rin fan de tiid waard de see ek bepoldere, oant der mei it bepolderjen fan It Bilt neat mear fan oer wie.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn de 11e iuw waard begûn mei it bedykjen fan Eastergoa en Westergoa. Ek yn die tiid begûn de Middelsee minder djip en grut te wurden troch it slyk dat oanspielde. Bytsje by bytsje waard der troch de minsken lân wûn op de see. It lân dat sadwaande ûntstie waard de Nije Lannen neamd. De measte grûn dy’t wûn waard, waard ferdield oer de al besteande plakken om de Middelsee hinne. Sadwaande is der Mantgummer Nijlân, Stienser Nijlân ensafuorthinne. De parten fan de doarpen dy dêrfoar al bestien hienen waarden krekt sa it Mantgummer Aldlân, ensafuorthinne. De grins tusken de twa is ornaris goed te sjen om't dêr de âlde Middelseedyken lizze.
Hjoeddeisk gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nije Lannen hawwe nea yntinsyf bewenne west. Ek hjoed wenje der, relatyf sjoen, net in protte minsken yn it gebiet. Op de kaart is goed te sjen dat der mar in pear doarpen lizze yn de Nije Lannen. It doarpke Nijlân, dat syn namme te tankjen hat oan de Nije Lannen, is sa’n plak dat op it lân fan de âlde Middelsee boud waard. It grutste part fan de Nije Lannen waard brûkt foar lânbou, omdat de grûn fan dêr tige fruchtber wie en ek no noch hieltyd is. Yn de 16e iuw wie It Bilt it sintrum fan de Nederlânske nôt-yndustry. Dêrtroch ûntstie der in wisse wolfeart om de Nije Lannen hinne.