Jumièges
Appearance
Jumièges | |
---|---|
Doarpsplein en tagong ta de abdij | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Seine-Maritime |
Sifers | |
Ynwennertal | 1.715 (2018) |
Oerflak | 18,75 km² |
Befolkingstichtens | 91 / km² |
Hichte | 0 meter - 83 meter |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Jumièges is in Frânske gemeente yn it departemint Seine-Maritime yn de regio Normandje.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jumièges leit oan de rjochter kant yn in luts fan de Seine tusken de stêd Le Havre en Rouen. Jumièges makket diel út fan it regionale natoerpark Boucles de la Seine Normande.
Untwikkeling befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2018 |
Ynwennertal | 1214 | 1305 | 1474 | 1634 | 1641 | 1714 | 1718 | 1715 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Abdij fan Jumièges waard troch Sint-Filibert stifte. De Frânske Revolúsje waard de ûndergong fan de abdij, mar healwei de 19e iuw binne de ruïnes konservearre. Hjoeddedei is it ien fan de moaiste ruïnekompleksen fan it lân. It abdijgebiet is foar it publyk iepene.
- De Église Saint-Valentin yn Jumièges is in monumintale 11e-iuwske parochytsjerke (ferbouwings yn de 12e en 16e iuw), dy't wijd is oan Sint-Valentinus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|