Kreil (Noardeastpolder)
Appearance
Kreil (Nederlânsk: Creil ) is ien fan de tsien saneamde griendoarpen yn de gemeente Noardeastpolder yn de provinsje Flevolân). It doarp hat 1596 ynwenners (1 jannewaris 2005). It leit benoardwesten Emmeloard. Noardlik fan Kreil leit Rutten; Espel leit súdwestlik fan it doarp en Bant leit oan de eastlike kant fan it doarp. De N715 (Noarderringwei) ferbynt Bant en Kreil en is ien fan de wichtichste transportwegen yn it noardlike part fan de Noardeastpolder, mei't dy in ferbining mei de A6 hat.
-
Nijbouwyk yn it lânskip
-
De protestantske, en tsjintwurdich ienichste tsjerke yn Kreil
-
Plein mei û.o. de winkels, it medysk sintrum, de tsjerke, it pompstasjon, de FIAT-dealer en it busstasjon
-
It medyske sintrum, It Saalicon, oan it plein. Dat wie earder de roomske tsjerke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Creil, the Netherlands fan Wikimedia Commons. |