Springe nei ynhâld

Dormitoarium

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 aug 2021 om 20.27 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dormitoarium fan it Mosteiro de Alcobaça, Alcobaça (Portugal)

In dormitoarium is in sliepseal yn in abdij of kleaster. It wurd is ûntliend oan it Latynske wurd dormire, itjinge "sliepe" betsjut.

Oan it begjin fan de kleasters slepten de muontsen mienskiplik by inoar yn it dormitoarium. Folle letter krigen de muontsen in eigen sel. Sûnt waard mei in dormitoarium de fleugel fan it kleastergebou ornearre, dêr't de muontsen slepten.