Springe nei ynhâld

Dakar

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 jul 2021 om 13.47 troch 2a02:a211:2382:e280:8154:4b9d:5507:198c (oerlis)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dakar
Ndakaaru (Wolof)
úttsjoch op de haven
úttsjoch op de haven
Bestjoer
Lân Senegal
Boargemaster Khalifa Sall (2009)
Sifers
Ynwennertal 1.030.594 (2005)
Oerflak 82.38 km²
Befolkingsticht. 12.510/ km²
Stêdekloft 2.452.656
Hichte 27 m
Oar
Stifting 1857
Tiidsône GMT (UTC+0)
Koördinaten
Offisjele webside
(fr) Offisjeel webstee
De 19 communes d'arrondissement

Dakar (Wolof: Ndakaaru) is de haadstêd en grutste stêd fan Senegal. It leit op it skiereilân Kaap Verde, it fierst westlike punt fan it fêstelân fan Afrika en fanâlds in gaadlik plak foar de hannel mei Europa en de Amearika. De stêd is útgroeid ta ien fan de meast wichtige havens fan de regio. De stêd leit yn de regio Dakar. Yn Dakar is it parlemint setige en it paleis fan de presidint stiet dêr ek.

Dakar waard stifte troch de Frânsken yn 1857. Yn 1902 waard it de haadstêd fan Frânsk West-Afrika, yn it plak fan Saint-Louis. Fan 1959 oant 1960 wie it de haadstêd fan de Maly Federaasje dy't mar koart bestien hat en dêrnei fan de republyk Senegal.

Fan de 16e oant 19e iuw wie Dakar in wichtich sintrum foar de slavehannel op Amearika. Yn 1444 stiften de Portegezen in delsetting op it eilân Gorée. Likernôch 1536 wie it al in basis foar de eksport fan slaven. Letter sieten de Nederlanners en de Frânsken dêr om beurten. It fort D'Estrees op Gorée, dêr't de slaven fêstsieten, ferhannele en ynskippe waarden, is nei de ûnôfhinklikens fan Senegal restaurearre en is no in museum.